Halligen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Halligen foarmje in groep eilantsjes yn it noardlik part fan de Noardfryske Waadsee. It binne in tsiental eilannen dy't net beskerme wurde troch diken en dêrom by hege floed ûnder wetter rinne. Hjirtroch is op dizze eilannen in bysûndere natuer ûntstien. Op de kwelders wurdt fee hâlden en fierders wurdt op de eilannen fertsjinne oan toerisme.

In Warft op de Hallig Hege

Yn totaal wurde op it stuit fiif fan dizze eilannen foar fêst bewenne: Nees, Olân, Nordstrandischmoor, Hege en Groue. Om dochs wat beskerme te wêzen tsjin de see hawwe de minsken hichten opsmiten, fergelykber mei de terpen en wierden oan de súdlike Waadkust. Yn Noard-Dútslân wurde dizze Warf, Warft, Wurt, Wurth, Warb, Werf of Werft neamd, ôfhinklik fan it pleatslike dialekt.

Op de Halligen wurdt Noard-Frysk dialekt sprutsen, it Hallichfrysk. Lykwols is it tal sprekkers lyts en bestiet tsjintwurdich it gefaar dat it dialekt útstjerre sil.

Fjouwer fan de Halligen binne ferbûn mei de fêstewâl. Fan Hamburger Hallig ôf, dêr't gjin minsken foar fêst wenje, rint in daam nei de wâl, wêrtroch't safolle lânwinning plak fûn hat dat de Hamburger Hallig no einliks in skiereilân wurden is. Fan Nees en Olân en Nordstrandischmoor ôf is de kust te berikken fia twa lorriespoarbanen. Hege en Gröde binne de ienige bewenne Halligen dy't gjin fêste ferbining hawwe mei de wâl.

De Halligen dêr't gjin minsken wenje meitsje diel út fan it nasjonaal park Sleeswijk-Holsteinske Waadsee (Nationalpark Schleswig-Holsteinisches Wattenmeer).

List fan Halligen[bewurkje seksje | edit source]

 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise