Helgolân
Helgolân (ek: Hilgelân, Noardfrysk: Deät Lun (It Lân), Dútsk: Helgoland, Ingelsk: Heligoland) is in Noardfrysk eilân yn de Noardsee. It leit sa likernôch 70 kilometer út de kust, folle fierder as de oare Fryske eilannen. Mei syn 60 meter hege reade rotsen is it ek folle heger as de oare Fryske eilannen. It eilân falt ûnder de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Neist Helgolân leit it eilantsje Düne. Tegearre foarmje dy twa eilannen de eilannegroep Helgolân.
Ynhâld |
Namme [bewurkje seksje]
It eilân wie yn de tiid fan de misjonarissen Willibrord (om 700) en Liudger (om 785) bekend as Forsitelân. Forsite wie in Fryske God dy't op 't eilân bysûnder omtinken krige.[1][2] It eilân wurdt ek wol yn ferbân brocht mei it wenplak fan de God Forsite. Dan soe it wêze kinne dat de sêge fan de tolve asega's him op it Hilgelân ôfspile.
De namme Hilgelân komt fan oarsprong wierskynlik fan hillich lân. Yn it Frysk binne der twa farianten fan de namme. Helgolân wurdt it meast brûkt. Dêrneist is der noch de fariant Hilgelân. De lêstneamde fariant is neffens de wierskynlike etomology de bettere oersetting, mar wurdt it minste brûkt.
Yn it Halûndersk hjit it eilân Deät Lun (it lân). It Halûndersk is it Noard-Fryske dialekt fan 't Hilgelân.
Geografy [bewurkje seksje]
It Hilgelân leit yn de Dútske Bocht, sa likernôch 70 km út de kust yn de Noardsee. Bestjoerlik is it eilân ûnderdiel fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en it distrikt Pinneberch. It eilân is 1,7 km² grut en der wenje 1.267 minsken (2008).[3]
Op it eilân wurdt in ûnderskied makke tusken boppelân en ûnderlân. It ûnderlân rint fan it súdwesten nei it noardeasten om de sa likernôch 60 meter hege rots hinne. It ûnderlân is mei twa treppen en in lift ferbûn mei it boppelân.
It eilân is bekend om syn steile reade rotsen. De Lange Anna is in frijsteande rots oan de noardkant en is in symboal fan Hilgelân. Oan de noardeastkant fan it eilân is in lyts strân. Oan de súdwestkant is noch goed te sjen hoe slim it bombardemint fan de Britten yn 1947 west hat, dêr binne noch oerbliuwsels fan de âlde Dútske bunkers te finen. Sûnt de stoarm fan 1720/21[4] is Hilgelân fan Düne skieden.
Skiednis [bewurkje seksje]
Helgolân waard yn de 7e ieu troch Friezen bewenne. Neffens in berjocht fan de kristlike misjonaris Willibrord wie kening Redbad om 700 hinne in skoftlang op it eilân. Willibrord besocht de Hilgelanner Friezen yn it tiidrek 690-714 fergees te kerstenjen. 100 jier letter slagge it Liudger en bekearje de Hilgelanners.
Yn de 12e ieu foel Hilgelân formeel ûnder de Deenske kroan. It eilân is bekend wurden om syn piraten. It kin goed wêze dat de Likedielers it eilân om 1400 hinne as thúshaven brûkten. Yn de ieuwen dêrnei foel Hilgelân formeel ûnder it hartochdom Sleeswyk, dat ûnder de Deenske kroan stie.
Yn 1714 wurdt it eilân ferovere troch Denemark. De Britten besetten Helgolân yn 1807 en makken der ien fan harren koloanjes fan. De Ingelsken makken yn it tiidrek 1808-1813 gebrûk fan it eilân as smokkelplak omdat Napoleon it grutste part fan Europa beset hie. De Ingelske keninginne Victoria betanke de Hilgelanners dêrfoar troch se frij te stellen fan belesting. [5][6] Yn 1890 ruilje de Britten Helgolân foar it Dútske eilân Sansibar (no part fan Tansania). Nei de oername troch Dútslân hold Hilgelân syn belestingprivileezje.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie Helgolân fan militêr belang. De Kriegsmarine boude ûnder de reade rotsen in beskermhaven foar syn ûnderseeboaten. Op it eilân Düne waard in fleanbasis foar de Luftwaffe oanlein. Nei in oanfal fan de Britske loftmacht op 18 april 1945 wie it eilân ûnbewenber en de befolking moast nei de fêstewâl. Dêrfoar hienen fyftjin Hilgelanners besocht om kontakt te sykjen mei de Britten om in Britske loftoanfal foar te kommen. Lykwols waarden se op de dei fan de Britske loftoanfal pakt. Trije dagen letter, op 21 april, waarden sân fan de fyftjen Hilgelanners deasketten troch de Dútsers.
Twa jier letter, op 18 april 1947, besochten de Britten mei 6700 ton springstof it eilân op te blazen. Dat wie de grutste net-nuklêre eksploazje ea. Op 20 desimber 1950 setten twa studinten mei harren learaar nei it ûnbewenne eilân. Dêr stutsen hja de Dútske flagge, de flagge fan de Europeeske Beweging en de flagge fan it Hilgelân yn ‘e grûn. Troch dy aksje kaam der in beweging op gong om it eilân te rêden. Yn jannewaris 1951 kaam it fersyk fan it Dútske parlemint om it eilân werom te jaan. De Britten joegen Hilgelân op 1 maart 1952 werom oan West-Dútslân.
Frysk [bewurkje seksje]
Op Helgolân wurdt it Halûndersk praat, in fariant fan it Frysk. Sûnt 2004 is it Halûndersk neist it Dútsk in offisjele bestjoerstaal wurden. Ienris yn de trije jier komme Friezen fanút Westerlauwersk Fryslân, Noardfryslân en Sealterlân op it eilân gear foar in Frysk kulturiel festival dat inkele dagen duorret: It Friesen-Droapen.
Likernôch de helte fan de "Halûnders" prate noch Frysk, fan de oare helte binne de measte Nedersaksysktalich. It Nedersaksysk is op Helgolân net erkind, mar hat yn hiel Dútslân wol de status fan rykstaal.
Toerisme [bewurkje seksje]
Fan 1826 ôf komt it toerisme op gong, earst as 'Seebad'. De skjinne lucht en de natoer en de rêst lûke in protte toeristen. Helgolân falt bûten it Europeeske en Dútske belestinggebiet. Op it ûnderlân binne in protte winkels te finen dy't sigaretten, sterke drank en parfum ferkeapje.
Tige nijsgjirrich is de frijsteande rots "Lange Anna" oan de noardkant fan it eilân. Bysûndere bisten binne de Jan-van-gent fûgels oan de westlike rotswand. Seehûnen binne meast te finen op de strannen fan Düne.
Bars [bewurkje seksje]
- Knieper, ûnderlân
- Pinkus Eiergrogstube, boppelân
- Sanzibar, ûnderlân
Disko's [bewurkje seksje]
- Disco Krebs, boppelân
Restaurants [bewurkje seksje]
- Mocca-Stuben
- Bunte Kuh - essen & trinken
- Restaurant Atlantis
- Restaurant Zum Seehund
- Bar Bistro Knieper
Swimmen [bewurkje seksje]
- Strân oan de noardeastkant fan it eilân
- Mare Frisicum swimbad, ûnderlân
- Strân fan Düne
Musea & útstallings [bewurkje seksje]
- Helgolanner Museum yn de 'Nordseehalle'
- Museumshof, ûnderlân
- Bunkers Twadde Wrâldkriich, besichtiging op ôfspraak
Ferfier [bewurkje seksje]
- Mei de fearboat kin men fan Cuxhaven nei it eilân komme. Der binne ek fluggere katamarans nei Helgolân. Dy farre fan Hamboarch, Wedel en Cuxhaven nei it eilân. Mei de fearboat duorret de reis sa likernôch 3 oeren, mei de katamaran 75 minuten.
- Fleanmasinen fan de OLT fleane fan Bremerhaven en Heide-Büsum.
- Tusken Helgolân en Düne fart in fearboatsje. Fan 08.00 oere oant 19.00 fart it boatsje om it healoere, dêrnei om 't oere. Hoe let de lêste boat fart hinget ôf fan it seizoen.
- Oan de súdkant fan it eilân is in passantehaven.
- It eilân is autofrij en der mei net fytst wurde. Der binne útsûnderings foar elektryske bestelweintsjes en de auto fan de plysje.
Flagge [bewurkje seksje]
De flagge fan Helgolân liket in soad op syn wapen. In flagge mei trije kleuren, fan boppe nei ûnder: Grien, Read en Wyt. Eltse kleur hat in eigen betsjutting, sa't yn dit ferske ta utering komt:
| Dútsk | Nedersaksysk | Frysk |
|---|---|---|
|
Grün ist das Land, |
Green is dat Land, |
Grien is it lân, |
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hilgelân fan Wikimedia Commons. |
|
|
|---|
|
Westfryske eilannen: |