Noard-Fryslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Noardfryslân.
Flagge fan de regio Noard-Fryslân
Flagge fan it distrikt Noard-Fryslân

Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland, Deensk: Nordfrisland) is in distrikt (Kreis) yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

It gebiet leit tsjin de Deenske grins oan. It oerflak beslacht 2.050 km². Der wennen yn 2002 165.795 minsken. It haadplak is Hüsem (Dútsk: Husum).

Oare gebieden dy't ek ta Noard-Fryslân hearre:

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Sa om it jier 700 hinne hawwe Friezen de Noardfryske eilannen kolonisearre. It is net wis wêr't hja krekt weikamen, mar der wurdt oannaam dat dizze earste weach ferbân hie mei de kriich tusken Franken en Friezen. De twadde weach hat om it jier 1100 hinne plak hân; dy groep, út Easterlauwersk Fryslân, hat him op it fêstelân fêstige. Oant 1864 hearde Noard-Fryslân ûnder de Deenske Kroan.

Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de midsieuwen
Fryske Ryk (6e ieu-734)
Fryske Frijheid (11e ieu-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsieuwen
Frisian flag.svg Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Flag ommelanden.gif Grinzer Ommelannen
Flag of East Frisia.svg East-Frysk Greefskip en Prinsdom (1464-1744)


Hjoed
Frisian flag.svg Westerlauwersk-Fryslân
Flag Groningen.png Grinslân (gjin lid fan 'e Fryske rie)
Flag of East Frisia.svg East-Fryslân
Nordfriesischeflagge.svg regio Noard-Fryslân
Kreis Nordfriesland flag.jpg distrikt Noard-Fryslân

[bewurkje seksje] Talen

Noard-Fryslân is hjoed de dei noch altyd in meartalich gebiet mei fjouwer offisjele talen: Dútsk, Noardfrysk (Friisk of Frasch), Deensk en Nederdútsk. It Nederdútsk jildt as streektaal, it Noardfrysk en Deensk binne as minderheidstalen erkend. It oant yn de 19e ieu dominante Noardfrysk wurdt no noch troch sa'n 10.000 minsken sprutsen, yn njoggen ferskate dialekten. Fierders wurdt der yn Noard-Fryslân ek noch Jutsk sprutsen.

De Noardfryske namme is Nordfraschlönj as koartsein Fraschlönj, de Deenske namme is Nordfrisland en de Nederdútske is No(o)rdfreesland.

[bewurkje seksje] Fryske Beweging

Yn Noard-Fryslân is der lykas yn Westerlauwersk Fryslân in libbene Fryske beweging. Der is in dakorganisaasje, Friesenrat sektion Nord mei derûnder ferskate oansletten organisaasjes. De twa wichtigste binne:

[bewurkje seksje] Stêden en gemeenten

Stêden Amten Frije gemeenten
  1. Bräist
  2. Friedrichstadt
  3. Garding
  4. Hüsem
  5. Naibel
  6. Tönning
  7. Westerlân
  8. Wyk
  1. Amrum
  2. Bökingharde
  3. Bredstedt-Lân
  4. Eiderstedt
  5. Föhr-Lân
  6. Friedrichstadt
  7. Hattstedt
  8. Karrharde
  9. Noardstrân
  10. Pellworm
  11. Stollberg
  12. Süderlügum
  13. Sylt
  14. Treene
  15. Viöl
  16. Wiedingharde
  1. Leck
  2. List
  3. Reußenköge
  4. Sankt Peter-Ording

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten
Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen