Tiidline fan de Fryske skiednis
|
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen. |
| Skiednis fan Fryslân |
|
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de midsieuwen Dieling nei de midsieuwen Hjoed |
| → | 0 | → | 500 | → | 1000 | → | 1500 | → | 2000 | → |
Hjirûnder wurdt de skiednis fan Fryslân, harren ynwenners, taal, kultuer en literatuer op tiidsfolchoarder beskreaun.
~100.000 f. Kr. [bewurkje seksje]
- Ut en troch komme kloften Neandertalers yn de omkriten fan Fryslân om te jeien en fiedsel te sykjen (yn Wynjewâld, Ealahuzen en Aldeholtpea binne fûstbilen fûn fan Neandertalers).
~12.000 f. Kr. [bewurkje seksje]
- In folk fan jagers en samlers komt oan yn it lân fan de Tsjonger. Dy prehistoaryske bewenners wurde nei it fynplak fan harren resten "de Tsjongerkultuer" neamd. De minsken fan de Tjongerkultuer hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne ûnder de oergongsfaze fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.
~700 f. Kr. [bewurkje seksje]
- Yn Fryslân en Grinslân wurde de earste terpen opsmiten. De earste bewenners binne nei alle gedachten Friezen.
~500 f. Kr. [bewurkje seksje]
- De Friezen begjinne harren te setten yn Fresia.
- Yn Fryslân begjint de earste perioade fan it opsmiten fan de terpen.
28 [bewurkje seksje]
- De Friezen komme yn it ferhef tsjin de Romeinen, neidat dizzen ûnreedlike belestings easken. Yn de Slach fan Baduhenna komt it ta in striid tusken Romeinen en Friezen. Uteinlik witte de Friezen de striid te winnen.
29 [bewurkje seksje]
- Op 23 febrewaris wurdt op it Skriuwplankje fan Tolsum in oerienkomst fêstlein. It plankje is yn Fryslân fûn en is de âldst beware skreaune tekst fan de Lege Lannen.
47 [bewurkje seksje]
- De Ryn wurdt troch keizer Klaudius as grins fêststelt tusken it Fryske gebiet en it Romeinske Ryk. Wol bliuwe de Friezen ûnder Romeinsk bestjoer stean.
58 [bewurkje seksje]
- De Fryske keningen Maloriks en Ferritus komme nei Rome, de haadstêd fan it Romeinske Ryk. Sy ûntfange it Romeinske steatsboargerskip. Harren besyk smyt net folle op, want de Friezen moatte it stik lân dat sy besuden fan de Ryn beset hâlde, ferlitte.
~167 [bewurkje seksje]
- De Fryske ruters fan it Cuneus Frisionum wurde troch de Romeinen ynset yn Brittanje.
~200 [bewurkje seksje]
- Om it stigen fan de seespegel wurdt in twadde generaasje terpen opsmiten.
~525 [bewurkje seksje]
- De Friezen, ûnder lieding fan in kening dêr't de namme fan net oerlevere is, ferslaan yn de Slach oan de Ryn de Deenske ynkringers dy't ûnder lieding stean fan Hygelac.
~560 [bewurkje seksje]
- Klotar I feroveret in part fan Fryslân. Neffens Frankyske gewoante is syn ryk in persoanlik gebiet en wurdt by syn dea ûnder syn soannen ferdield. De bruorren krije lykwols spul mei elkoar, wat soarget dat de Friezen wer gebiet feroverje kinne.
~600 [bewurkje seksje]
- Dorestêd ûntwikkelt him stadichoan ta in wichtige hannelsstêd. Dat komt troch de hannel dy't dêr dreaun wurdt tusken de Chamaven, Friezen, Franken en de folken yn Skandinaavje en Ingelân.
~630 [bewurkje seksje]
Om dizze tiid hinne leveret de Frankyske kening Dagobert striid tsjin de Friezen. Hy feroveret it gebiet fan de Alde Ryn op de Friezen. Yn Utert lit er in tsjerke bouwe. Nei it ferstjerren fan Dagobert rint de Frankyske macht wer tebek en it tsjerkje rekket yn ferfal.
~650 [bewurkje seksje]
- Om dizze tiid hinne meitsje foargongers fan kening Aldgillis harren master fan it lân besuden de Ryn. It sintraal rivieregebiet fan de tsjintwurdige provinsjes Hollân en Utert wurdt it gebiet fan in machtich Frysk ryk.
678 [bewurkje seksje]
- Yn de winter fan 678 ûntfangt kening Aldgillis de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en jout him in ûnderkommen. Hy wegeret te foldwaan oan it fersyk fan de Frankyske hofmeier Ebroin om Wilfried oan him út te leverjen.
~680 [bewurkje seksje]
- Om-ende-by dizze tiid komt de Fryske kening Aldgillis te ferstjerren. Hy wurdt opfolge troch Redbad.
690 [bewurkje seksje]
- Yn de Slach by Dorestêd ferlieze de Friezen, ûnder lieding fan kening Redbad, fan de Franken dy't ûnder lieding fan hofmeier Pippyn II stean.
- Willibrord, Apostel fan de Friezen, komt nei it Fryske gebiet. Hy giet, mei tolve oaren, op besite by kening Redbad en wol yn it Fryske Ryk it leauwe fan Jezus Kristus ferkondigje.
695 [bewurkje seksje]
- De Friezen en Franken slute in bestân. Redbad syn dochter Thiadsvind boasket yn 695 mei Grimoald, de soan fan Pippyn.
696 [bewurkje seksje]
~700 [bewurkje seksje]
- De bou fan in tredde generaasje terpen begjint.
716 [bewurkje seksje]
- De Friezen, ûnder Redbad, minge harren yn de Frankyske Boargerkriich en ferslaan yn de Slach by Keulen de Franken fan Karel Martel.
719 [bewurkje seksje]
- Kening Redbad makket plannen om twaris it Frankyske ryk oan te fallen en lûkt dêrta in grut leger gear [2]. Hy krijt lykwols net mear de gelegenheid dêrta, want hy wurdt troch in slimme sykte troffen en komt te ferstjerren yn de neisimmer of iere hjerst fan 719[3]. Redbad lit Fryslân ûntheistere efter sûnder geskikte opfolger.
720-724 [bewurkje seksje]
- Troch hofmeier Karel Martel wurdt koart nei de dea fan Redbad in part fan de Friezen ûnderwurpen. Fan 720 ôf is it Fryske gebiet bewesten fan it Fly (Seelân, Hollân en Utert) yn Frankyske hannen.
- Karel Martel stelt Willibrord by steat de sinding ûnder de Friezen fan Utert te dwaan.
734 [bewurkje seksje]
- De Slach oan de Boarn hat plak tusken in Frysk leger laat troch kening Poppo en in Frankyske leger laat troch Karel Martel. De Fryske kening wurdt ferslein en dêrtroch wurdt nei Fryslân westlik fan it Fly ek Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de Franken ûnderhearrich.
754 [bewurkje seksje]
- Bonifatius, de biskop fan Mainz wurdt mei syn gefolch deade by Dokkum.
~790 [bewurkje seksje]
- Liudger genêst neffens de ferhalen de bline Fryske dichter Bernlef by Helwerd. Hjirnei lit Bernlef him bekeare ta it Kristendom.
810 [bewurkje seksje]
- Gudfred fan Denemark falt mei likernôch 200 skippen Fryslân oan as ferjilding fan it besykjen fan Karel de Grutte om Denemark by syn ryk te krijen. As ferdigening tsjin de Wytsingen makket Karel de Grutte fan Fryslân in mark mei de ferplichting ta permaninte pratens.
838 [bewurkje seksje]
- De Wettersneed fan 838 rekket Fryslân bot.
~1000 [bewurkje seksje]
- De fjirde, en lêste, generaasje terpen wurde opsmiten.
1006 [bewurkje seksje]
- Liudolf fan Brunswyk krijt sizzenskip oer de Fryske goaen Sudergoa, Eastergoa en Westergoa, dy't mei-elkoar it Greefskip Mid-Fryslân foarmje.
1038 [bewurkje seksje]
- Greve Liudolf komt ferstjerren en wurdt opfolge troch syn soan Bruno.
1047 [bewurkje seksje]
- Greve Bruno makket him master fan it gebiet tusken Lauwers en Iems (Hunzegoa en Fivelgoa), dêr't it formele bewâld fan tawiisd is oan aartsbiskop Adalbert fan Bremen. De Brunoanen hearske no oer it Fryske gebiet tusken it Fly en Iems.
1057 [bewurkje seksje]
- Greve Bruno sneuvelt yn in treffen mei Willem fan Brandenburg. Hy wurdt opfolge troch syn jongere broer Egbert I.
1068 [bewurkje seksje]
- Nei de dea fan Egbert I wurdt er opfolge troch syn soan Egbert II, dy't de lêste telch út de Brunoanen-dynasty is dy't as greve Fryslan bestjoert. Hy ferset him fjouwer kear tsjin syn lienhear, de Dútske keizer Hindrik IV, dy't ek in neef fan him wie. Likefaak wurdt him it greefskip ûntnommen, de lêste kear foar altyd.
1077 [bewurkje seksje]
- Sudergoa wurdt de greve Egbert II ûntnommen en oerdroegen oan biskop Koenraad fan Utert.
1086 [bewurkje seksje]
- Greve Egbert II rekket de oare goaën fan it Greefskip Mid-Fryslân kwyt.
1088 [bewurkje seksje]
- Keizer Hindrik IV jout de greefskippen fan Mid-Fryslân oer oan de biskop fan Utert.
1090 [bewurkje seksje]
- Greve Egbert wurdt troch de kening fûgelfaai ferklearre en sneuvelt by in opstân tsjin de keizer.
- Nei Egbert syn dea makket Hindrik de Fette fan Northeim oanspraak op it Greefskip Mid-Fryslân.
1101 [bewurkje seksje]
- Hindrik de Fette wurdt op 10 april troch Friezen fermoarde as er besiket syn bewâld oer Mid-Fryslân út te oefenjen. De Friezen stean ûnder lieding fan de biskop fan Utert.
1156 [bewurkje seksje]
- De earste bekend gearkomste wurdt hâlden by de Upstalbeam, it âld Fryske gerjochtsplak.
1170 [bewurkje seksje]
- By de Alderheljenfloed fan 1 op 2 novimber 1170 wurdt it Kreiler Wâld ferswolge troch de Almar.
1287 [bewurkje seksje]
- Yn de nacht fan 13 desimber op 14 desimber 1287 woedet de Grutte Stoarm ek wol de Sint-Lusiafloed. De wettersneed treft benammen Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, mar ek East-Anglia. De gefolgen binne ôfgryslik, it westlike bekken fan de Waadsee wurdt foarme dêr't it eilân Gryn hast hielendal by ferdwynt.
1345 [bewurkje seksje]
- De Slach by Warns hat plak. By de slach steane it leger fan de Hollânske greve Willem fan Henegouwen en in legermacht fan de Friezen tsjin oer elkoar yn in slach dy't troch de Friezen wûn wurdt.
1413 [bewurkje seksje]
- Yn augustus komme de spannings tusken de East-Fryske haadlingen Keno II tom Brok en Hisko Abdena ta in útbarsting. Keno's oanfal op de stêd Emden is it begjin fan Grutte Fryske Oarloch, in kriich dy't njoggen jierren lang Fryslân yn de ban hat (1413-1422).
1418 [bewurkje seksje]
- Fokko Ukena ferslacht de Skieringers yn de Slach by Dokkum en plonderet Dokkum en Iesumasyl.
1422 [bewurkje seksje]
- De Skieringers ferdriuwe de Hollanners út de De Lemmer.
- De Frede fan Grins makket in ein oan de Grutte Fryske Oarloch en betsjut in tydlike ûnderbrekking yn de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers.
1498 [bewurkje seksje]
- Yn de Slach by Laaksum wurdt it grutte leger fan Fetkeapers út de Sânwâlden ferslein troch in lyts leger fan Albrecht fan Saksen. Dy oerwinning is beskiedend foar it einigen fan in tiidrek, de Fryske frijheid; Westerlauwersk Fryslân komt ûnder it bewâld te stean fan de Saksyske hartoch en nije tiden brekke oan.
1504 [bewurkje seksje]
- De Stellingwerven wurde oermastere troch hartoch fan Saksen, en wurdt by Fryslân foege.
1517 [bewurkje seksje]
- De Stellingwerven wurde opdield yn Stellingwerf-Westeinde en Stellingwerf-Easteinde.
- Grutte Pier wurket gear mei Karel fan Gelre en is mei syn leger warber op de Sudersee, dêr't hy Hollânske skippen oanfalt en plonderet. As blykt dat Karel fan Gelre sels in machtsposysje yn Fryslân ha wol, is Pier sa teloarstelt dat hy stoppet mei de striid.
1523 [bewurkje seksje]
- Fan Grutte Wierd wurdt de holle ôfslein yn Ljouwert.
1524 [bewurkje seksje]
- Fryslân erkent Karel V as lânhear.
- Karel V foarmet de Hearlikheid Fryslân, mei Ljouwert as de haadstêd.
1584 [bewurkje seksje]
- Willem Loadewyk wurdt steedhâlder fan Fryslân.
1597 [bewurkje seksje]
- Troch de Steaten-Generaal wurdt fêstlein dat de maritime ferdigening fan de Republyk troch fiif admiraliteiten dien wurdt. De Fryske Admiraliteit moat tegearre mei fjouwer oare admiraliteiten de Republyk beskermje.
1752 [bewurkje seksje]
- Op 29 july komt de earste edysje fan de Ljouwerter Krante út. It is dêrmei de âldste krante fan Nederlân dy't noch hieltyd ûnder deselde namme ferskynt.
1781 [bewurkje seksje]
- Eise Eisinga syn planetarium yn syn hûs yn Frjentsjer is ree, dêr't er oan begûn is om de minsken sjen te litten dat se net benaud hoegden te wêzen foar it gearkommen fan Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de Moanne op 8 maaie 1774. Eisinga hie tocht dat er nei seis moanne wol klear wêze soe mei it planetarium, mar it hat him mear as seis jier koste.
1799 [bewurkje seksje]
- De Bataafske Republyk ûntstiet, wat betsjut dat provinsjes departeminten wurde en ek in oare yndieling krije. It meastepart fan Fryslân wurdt gearfoege mei Grinslân en mei Flylân, wat oant dan ta by Noard-Hollân hearde. Byelkoar foarme dy gebieten it Departemint fan de Iems. It departemint krijt Ljouwert as haadstêd. It súdlik part fan Fryslân, de Sânwâlden, komme by it Departemint fan de Alde Isel te hearren, mei Swol as haadstêd. Dy departimenten besteane oant 1801.
1802 [bewurkje seksje]
- By de stifting fan it Bataafske Mienebest wurde de parten fan it eardere Fryslân wer gearfoege, ta it Departemint Fryslân. De hjoeddeiske provinsje Grinslân komt yn it Departemint Grins te lizzen.
1810 [bewurkje seksje]
- Wylst de gebieten itselde bliuwe, wurde dy ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân.
1811 [bewurkje seksje]
Op 1 jannewaris 1811 wurden deselde gebieten departeminten fan it Earste Frânske Keninkryk. It departemint Fryslân kriget de namme "Frise", Grinslân komy tegearre mei Drinte yn it Ems-Occidental te lizzen. East-Fryslân komt by it keizerryk as Ems-Oriental.
1813 [bewurkje seksje]
- Nei de Napoleontyske Kriich wurdt East-Fryslân oermastere troch Prusen en Ruslân; it gebiet komt ûnder it bewâld fan Prusen te stean.
1814 [bewurkje seksje]
- Mei it ûntstean fan it Feriene Keninkryk der Nederlannen waard Fryslân wer in provinsje, lykas Grinslân en Drinte.
1815 [bewurkje seksje]
Prusen moat East-Fryslân ôfstean oan it Keninkryk Hannover.
1887 [bewurkje seksje]
- Ferdinand Domela Nieuwenhuis wurdt as in held ûntfong troch Amsterdamske arbeiders, neidat de lieder fan de sosjalisten ûntslein wurdt út de finzenis fan Utert, dêr't er finzen sitten hie fanwegen majesteitsskeining. In jier letter komt er út namme fan de Friesche Volkspartij yn de Twadde Keamer.
1903 [bewurkje seksje]
- 3 july is de dei dat de earste edysje fan it Frysk Deiblêd útkomt. Op it stuit is de krante de lytste regionale selstannige krante fan it lân.[4]
1909 [bewurkje seksje]
- De earste offisjele Alvestêdetocht wurdt organisearre troch it Fryske Iisbûn. Op 2 jannewaris is Minne Hoekstra de earste winner fan de tocht. Foar dy tiid waarden ek al wol Alvestêdetochten riden as it iis dat tastie.
1920 [bewurkje seksje]
- Der wurdt begûn mei de oanlis fan de Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân. De dyk wurdt oanlein nei plannen fan de yngenieur Cornelis Lely, dy't dy plannen al yn 1886 makke hie.
1932 [bewurkje seksje]
- De Ofslútdyk wurdt nei tolve jier ticht makke. Troch de dyk is de Waadsee skieden fan de Iselmar. In jier letter giet de dyk iepen foar it weiferkear.
1938 [bewurkje seksje]
- De Fryske Akademy wurdt stifte yn Ljouwert. De organisaasje docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. De Akademy hat sûnt dy tiid hûnderten publikaasjes dien.
1940 [bewurkje seksje]
- De Twadde Wrâldkriich begjint ek yn Nederlân. Dútslân falt Nederlân op 10 maaie binnen. Op 11 maaie binne de earste Dútsers al yn Ljouwert.
- Yn de Slach om de Ofslútdyk op 12 maaie besykje de Dútsers de Ofslútdyk oer te komme om sa Noard-Hollân fan it noarden út yn te nimme. Dit slagget lykwols net. Yn de midden en it suden fan Nederlân hawwe de Dútsers mear súkses, mar Nederlân jout him earst nei de bombardeminten op Rotterdam oer, op 15 maaie.
1945 [bewurkje seksje]
- Fryslân is op 15 april 1945, op de eilannen nei, folslein befrije troch de Kanadezen. Op 8 maaie fan dat jier stoppet de wrâldkriich yn Jeropa en op 15 augustus 1945, nei't twa atoombommen op Hirosjima en Nagasaky smiten binne, komt ek yn it Easten in ein oan de kriich.
1951 [bewurkje seksje]
- Op 16 novimber 1951 fynt der in opskuor plak op it Wilhelminaplein yn Ljouwert, wat úteinlik liedt ta de offisjele status fan it Frysk yn de provinsje Fryslân; de dei giet de skiednis yn as Kneppelfreed.
1956 [bewurkje seksje]
- De Fryske Rie wurdt offisjeel stifte. De organisaasje is al tritich jier aktyf, sûnt 1926, mar is nea offisjeel stifte.
1962 [bewurkje seksje]
- De Fryske Nasjonale Partij (FNP) wurdt stifte troch aktivisten fan de Fryske Beweging. It stiften fan de partij is in reaksje op de grutte nasjonale partijen yn Fryslân, neffens de oprjochters binne de Fryske ôfdielingen fan dizze partijen tefolle op de Rânestêd rjochte. De partij set him yn foar in federalistysk polityk systeem yn Fryslân, de FNP wol mear autonomy foar Fryslân
1980 [bewurkje seksje]
- It fak Frysk wurdt ferplicht makke op basisskoallen yn de provinsje Fryslân.
1984 [bewurkje seksje]
- In grutte gemeentlike weryndieling hat plak yn Fryslân.
1987 [bewurkje seksje]
- Tytsjerksteradiel wurdt de earste gemeente fan Fryslân dy't de Frysktalige namme de offisjele makket. Letter yn de tiid folgen nochris seis gemeenten. Dit binne Boarnsterhim, Littenseradiel, Ferwerderadiel, Dantumadiel, Ljouwerteradiel, Wymbritseradiel.[5]
1997 [bewurkje seksje]
- Op 1 jannewaris wurdt de offisjele namme fan de provinsje Fryslân troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân feroare fan Friesland nei Fryslân.
2000 [bewurkje seksje]
- Tûzenen Friezen om utens komme werom nei de provinsje yn it ramt fan Simmer 2000. It wurdt tagelyk organisearre mei it Frysk Festival. Der wurde kulturele manifestaasjes hâlden. Der wurde ûnder oare reúnys hâlden, útstallingen, téaterproduksjes, sporteveneminten.[6]
2001 [bewurkje seksje]
- De provinsje Fryslân en de Nederlânske oerheid tekenje it Konvenant Fryske taal en kultuer.
2003 [bewurkje seksje]
- Troch de gemeente Smellingerlân en de útjouwer Fryske Parse Boekery wurdt de Rink van der Veldepriis, neamd nei de yn 2001 ferstoarne Rink van der Velde, ynsteld. De sjuery wurdt ynsteld troch de Stifting It Fryske Boek. De priis wurdt mei yngong fan 2004 alle twa jierren útrikt. It is in priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynd as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy’t yn Fryslân brûkt wurde.
2008 [bewurkje seksje]
- Keninginne Beatrix besiket yn it ramt fan Keninginnedei Makkum en Frjentsjer.
- De Kanon fan de Fryske skiednis wurdt presintearre op 11 novimber. De kanon bestiet út in list fan 41 ûnderwerpen yn it ramt fan de skiednis fan Fryslân. Meiïnoar moatte de ûnderwerpen in folsleine gearfetting fan de Fryske skiednis foarmje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
