Friisk Foriining
De Friisk Foriining, wat oerset wurde kin as "Fryske Feriening", foarhinne ek wol bekend as de Foriining for nationale Friiske ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"), is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan it yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein leine Noard-Fryslân. Yn 'e fisy fan 'e Friisk Foriining foarmje de Noardfriezen as in etnyske en nasjonale minderheid yn Dútslân; as heechste doel hat de Foriining om in Noardfryske standerttaal te kreëarjen, dy't dan yn alle sektoaren fan 'e maatskippij op foet fan gelikensens mei it Dútsk komme moat te stean.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Ynterbellum
De Foriining waard yn 1923 oprjochte as de Friesisch-Schleswigsche Verein ("Frysk-Sleeswykske Feriening") en feroare syn namme yn 1935 yn Foriining for nationale Friiske. Fan it begjin ôf oan wie it in deensksinnige organisaasje, dy't besocht mear rjochten foar de Noardfriezen en harren taal te krijen.
Dêrmei stie de Foriining linerjocht foar de Noardfryske Feriening (Nordfriesische Verein) oer, dy't de Noardfryske kultuer as neat mear as in Dútske streekidentiteit beskôge. De twastriid tusken de beide organisaasjes bestie fuort oant yn 'e sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieu en brocht de Noardfryske taalstriid in protte skea ta. Lange tiid waard it skeel geande holden troch persoanlike rivaliteiten en antypatyen tusken de foarsitter fan 'e Foriining, Johannes Oldsen, en de NFV-foaroanman Rudolf Muuß. Yn 1938 waard alle ûnderwiis yn it Noardfrysk beëinige en doe't in jier letter de Twadde Wrâldoarloch begûn, waard de oplibbing fan 'e Noardfryske taal en kultuer fan hegerhân hielendal smoard.
[bewurkje seksje] Twadde Wrâldkriich
Yn 'e nazytiid waard Friisk Foriining dan wol net ferbean, mar troch de foarsitter, Johannes Oldsen, in publikaasjeferbod op te lizzen waard der likegoed it near op lein. In oare wichtige foaroanman yn dy tiid wie de dichter Jens Emil Mungard fan it eilân Söl, dy't him dúdlik tsjin it nazi bewâld oppenearre. Jens Emil Mungard stoar yn 1940 yn Konsintraasjekamp Sachsenhausen omdat er him as Fries fersette tsjin de nazi-polityk [1].
Nei de Twadde Wrâldoarloch koe de Foriining in koarte tiid fan grutte bloei, mei't er stipe krige fan 'e ynfloedrike organen fan 'e gruttere Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk, dy't fia Denemark waarme relaasjes mei de Alliëarden ûnderhold.
[bewurkje seksje] Moderne tiid
Tsjintwurdich hat de Friisk Foriining sa'n 600 leden. It haadkertier stiet yn it doarp Aaster-Beergem (Dútsk: Ost-Bargum). De Foriining fersoarget eltse hjerst in folkshegeskoallekursus Noardfrysk (de saneamde Harfsthuuchschölj), organisearret foar de Noardfryske jongerein útwikselingsprogramma's mei oare minderheden yn Jeropa en is tige belutsen by de promoasje fan it Noardfrysk troch de moderne media. Fierders is der in nauwe gearwurking mei de Noardfryske jongereinorganisaasje Rökefloose ("Ravensswaarm"), dêr't Noardfrysktalige sporteveneminten foar bern en jongerein mei organisearre wurde.
Ek yn 'e polityk is de Foriining aktyf. Om't sa'n lytse minderheid by lanlike en dielsteatsferkiezings fansels gjin foet oan 'e grûn krije kin, hat de Foriining him oansletten by de Sydslesvigsk Forening ("Súdsleeswykske Feriening"), de kulturele organisaasje fan 'e Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk en sadwaande ek by de politike earm dêrfan, de Sydslesvigsk Vælgerforening ("Súdsleeswykske Stim-mersferiening"), dy't in garandearre sit hat yn 'e Sleeswyksk-Holsteinske lândei.
[bewurkje seksje] Gearwurking
Boppedat hat de Friisk Foriining, tegearre mei de Noardfryske Feriening, de Heimatbund Landschaft Eiderstedt, de Feriening fan it Noardfrysk Ynstitút en de gemeente Hilgelân sitting yn 'e Frasche Rädj ("Noardfryske Rie"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e Noardfryske taal, kontakten mei oare minderheden yn Dútslân ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Rie foarmet.
Ek is de Foriining lid fan 'e Federale Uny fan Jeropeeske Nasjonale Minderheden en fan it nasjonale komitee fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân yn it Jeropeeske Buro foar Minder Brûkte Talen (EBLUL).
[bewurkje seksje] Ferwizing nei boarne
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Friisk Foriining Noardfrysk, Ingelsk, Dútsk, Deensk
- Jongereinorganisaasje Rökefloose Noardfrysk, Dútsk