Hege (eilân)
Hege is ien fan de Halligen yn Dútslân. It is nei Nees it twadgrutste Hallig, mei likernôch 75 ynwenners. Hege leit yn de gemeente Hege. It Hallig leit tusken Oomram, Nees en Pelweerm yn.
[bewurkje seksje] Skiednis
Hege hat lange tiid in ûnderdiel west fan it Pelweermer hiirde. Mei de Twadde Marsellusfloed yn 1362 rekke it eilân los fan Pelweerm en rekken de tsjerke en de dyk fan it gebiet skansearre.
Dat de seespegel heger wurdt en de stoarmen op see sterker is ek te fernimmen op Hege. Yn de 20e ieu rekke it eilân likernôch fiif kear yn it jier ûnder wetter, tsjintwurdich kin dit wol oprinne oant tolve kear yn it jier.
Sûnt de midsieuwen hat it eilân te krijen mei in leger wurdend ynwennertal. Yn 1593 wienen der noch 23 terpen op it eilân, yn 1758 wienen dit der noch mar 16. Om 1800 hinne wennen der sa'n 480 minsken op it eilân. Krekt foar de Stoarmfloed fan 1825 stienen der likernôch 100 huzen op it eilân en wennen der 393 minsken. 25 jier letter wienen dit noch mar 70 huzen en 250 ynwenners. Oan it begjin fan de 20e ieu wennen der noch 140 minsken, tsjintwurdich leit it ynwennertal om en de by de 75 persoanen.
Op it eilân wurdt noch troch in lyts tal minsken it Hallichfrysk sprutsen, in taalfariant fan it Noardfrysk.
[bewurkje seksje] Terpen
Op Hege binne tsien bewenne terpen, wêrfan twa in dûbelterp foarmje:
- Backenswarft
- Kirchwarft
- Ockelützwarft
- Hanswarft
- Ockenswarft
- Lorenzwarft/Mitteltritt (dûbelterp)
- Volkertswarft
- Ipkenswarft
- Westerwarft
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
|
|
|---|
|
Westfryske eilannen: |