Mellum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan it eilân
Bunkerrest en hûs

Mellum is in ûnbewenne eilân dat súdeastlik fan Wangereach leit. It is ien fan de Eastfryske eilannen en falt bestjoerlik ûnder it Kreis Wesermarsch.

It eilân ûntstie oan 'e ein fan de 19e ieu by de wetterskieding yn de Waadsee tusken de mûningen fan de Jade en de Wezer, foar it skiereilân Bûtjadingen. Yn 1903 besloech it oerflack fan it eilân tsien hektare. Sûnt dy tiid groeide it eilân fierder:

  • 1913: 13 ha
  • 1924: 23 ha
  • 1932: 38 ha
  • 2006: 75 ha

De reden wêrom't Mellum sa hurd groeit hat te krijen mei sterke seestreamen dy't sân tsjin it eilân opstowe.

Yn de Twadde Wrâldkriich hienen de Dútsers in loftôfwargeskut op it eilân, dêr't se in ringdyk omhinne bouden. It gebiet binnen dy ringdyk beslacht fjouwer hektare. Hjoed de dei bestiet de ringdyk út bunkerresten en in hûs foar de natoerbeskerming.

It eilân bestiet út kwelderlân en dunen, binnen de lytse ringdyk waakse noch wat beammen. Op it eilân briede mear as tritich ferskillende fûgelsoarten (stân 2010). Dêrneist binne de seehûn en de boskmûs fêste bewenners fan it eilân.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Commons Commons: Mellum – foto, fideo en harktriemmen
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen