Bûtjadingen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It skiereilân Bûtjadingen mei links de Jadeboezem en rjochts de Wezer.

Butjadingen is in skiereilân yn de Dútse dielsteat Nedersaksen en in gemeente op dat skiereilân, hearrend ta it distrikt Wesermarsch. De gemeente telt 6500 ynwenners (2008). Bûtjadingen leit oan de Jadeboezem en de Waadsee, dêr't it oan de eastkant de Wezer en oan de westkant de Jade yn útmûnje. It gemeentebestjoer sit yn it plakje Burhave.

Butjadingen is troch feartsjinsten ferbûn mei Wilhelmshaven yn it westen en Bremerhaven yn it easten. Ut Nordenham wei, dat geografysk wol, mar bestjoerlik net ta Bûtjadingen heart, is der in treinferbining mei Bremen.

Bûtjadingen is in meast agrarysk gebiet. De stêd Nordenham hat yndustry en in kearnsintrale.