AG Ems

Ut Wikipedy
De Groningerland fan AG Ems
De Wappen von Borkum

De AG Ems is in rederij út Emden. De rederij hat in feartsjinst tusken Boarkum en Iemshaven en tusken Boarkum en Emden. Yn de simmertiid is der ek in feartsjinst nei it Hilgelân ta.

Yn 1843 is de Aktien-Gesellschaft Ems oprjochte. By de oprjochting fan it bedriuw wie der noch gjin feartsjinst nei Boarkum ta. It bedriuw fear doe inkeld op de Iemsmûning tusken Emden - Delfsyl en Emden - Lier. Dêrneist wie der doe noch in ûnregelmjittige tsjinst nei Nordeneach ta.

Yn augustus 2008 hie de katamaran Polarstern fan de rederij in ûngemak op de weromreis fan 't Hilgelân. It wie it grutste ûngemak yn 'e skiednis fan it bedriuw.

Hjoeddeiske float[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Rûte Boujier Yn tsjinst
Groningerland EH-Bo 1991 2006
Wappen von Borkum, eardere- MS Stadt Borkum Bo 1976 1994
Nordlicht Em-Bo 1989 1989
Münsterland Em-Bo 1986 1986
Ostfriesland Em-Bo 1985 1985
Helgoland, ex- MS Westfalen WH-He 1972 1972
Ratsdelft fersk. 1971
Schreyershoek fersk. 1999

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]