Ostfriesische Lufttransport

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ostfriesische Lufttransport

OLT Saab2000.

Oprjochte 1958
IATA-Koade: OL
ICAO-Kode: OLT
Ropteken OLTRA
Haadkertier Emden, East-Fryslân
Wichtichste fleanhaven: Bremen
Float 15 fleanmasinen
Flechtgebiet Jeropa
Fokker 100 fan de OLT.
Saab 2000.

De OLT (Ostfriesische Lufttransport; Eastfryske lofttransport) is in fleanbedriuw dat húsmannet yn Emden, East-Fryslân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn 1958 waard de OLT yn Emden oprjochte troch Jan Jakobs Janssen en Martin Decker. Yn it earstoan fleach de OLT fan Emden nei de eilannen. Sûnt 1991 fleant de OLT ek fan Bremen nei ferskillende fleanfjilden yn Europa. Yn datselde jier begûn de OLT mei siketransport. De OLT is eigendom fan de rederij AG Ems yn Emden (74,9%) en FLN Frisia Luftverkehr (25,1%). Yn 2008 hie de OLT 118 meiwurkers.

[bewurkje seksje] Loftferbinings

De OLT fleant nei hast alle East-Fryske en Noard-Fryske eilannen ynklusyf Helgolân. Dêrneist fleant de OLT fan ferskillende fleanfjilden yn Dútslân en Switserlân nei it eilân Usedom op de Poalsk-Dútske grins. Binnen Dútslân wurdt nei ferskillende gruttere fleanfjilden flein. Foar de OLT is Bremen in hub nei oare fleanfjilden yn hiel Europa, dêrneist wurdt yn Bremen ûnderhâld dien oan de gruttere tastellen. Yn Europa hat de OLT as reisdoel Bristol, Brussel, Keappenhaven, Napels, Toulouse en Zürich.

[bewurkje seksje] Takomst

Der binne plannen om yn ‘e takomst fan it Fleanfjild Grins-Ealde, nei Keappenhaven en Brussel ta, in loftferbining op te setten.

[bewurkje seksje] Float

De Ostfriesische Lufttransport fleach yn 2010 mei de neikommende fleanmasinen:

  • 2 Fokker 100 (100 sitplakken)
  • 3 Saab 2000 (50 sitplakken)
  • 2 Saab 340 (32/33 sitplakken)
  • 3 Fairchild Metroliner (19 sitplakken)
  • 1 Cessna 208 Grand Caravan (10 sitplakken)
  • 3 Britten-Norman BN-2 Islander (9 sitplakken
  • 1 Gippsland GA-8 Airvan (6 sitplakken)
  • 1 Cessna 172 (3 sitplakken)

Dêrneist hat de OLT trije helikopters. De Bell 206L en de Eurocopter AS 355 binne foar ferskillende doelen te hier. Foar siketransport wurdt de Eurocopter AS 365 brûkt.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrich

Yn desimber 2005 begûn easyJet mei in deistige ferbining tusken Bristol en Hamboarch. De OLT fleach ek al op dyselde liny, mar dan inkeld troch de wike en twa kear deis. Sakelju keazen foar de OLT omdat dy faker fleach as easyJet. EasyJet hold yn oktober 2006 op mei fleanen op de liny Bristol-Hamboarch.[1]

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Webside fan de OLT

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. OLT celebrates reaching 50 by acquiring its first jets for Airbus ’shuttle’ flights op www.anna.aero (sjoen op 01-07-2010)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen