Norden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Norden
Ludgerikirche-20070922.jpg
Sifers
Ynwennertal 25.044 (2010)
Oerflak 106,33 km²
Befolkingstichtens 236 km²
Hichte 7 m
Polityk
Lân Dútslân
Provinsje Nedersaksen
Landkreis Aurich
Boargemaster Barbara Schlag
Oar
Stifting yn 880 neamd
Postkoade 26506, 26492–26496, 26501, 26519–26520
Koördinaten 12′ NB, 5° 47′ EL
Webside www.norden.de

Norden (Nedersaksysk: Nörden) is in stêd en gemeente yn de Dútse dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Aurich en oan de Waadseekust. De stêd telt 25.000 ynwenners.

De regio Norden moat it ekonomysk sjoen fan de lânbou en it toerisme hawwe. De stêd hat goed 27 kilometer seedyk en in haven foar de fearboaten nei de eilannen Júst en Norderney. De stedsdielen Norddeich en Westermarsch II fiere sûnt 1979 offisjeel it prdekaat „Staatlich anerkanntes Nordseebad“. Op 24 juny 2010 ferliende de Nedersaksyske minister fan Ekonomyske Saken, Jörg Bode, it predikaat „Nordseeheilbad“ oan beide stedsdielen, de heechste toeristyske ûnderskieding. Op 't heden is Norden-Norddeich it grutste offisjeel erkende Seeheilbad oan de East-Fryske Noardseekust. Al yn de fyftiger jierren waard Norden mei de slogan "Das Grüne Tor zum Meer" as fakânsjeoarde oanpriizge. Allinne al yn it simmerseizoen fan 2007 waarden der mear as 900.000 oernachtingen teld.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al yn 880 wie der in delsetting mei de namme Norden. Dat jier wûnen de Friezen dêr in fjildslach fan de Noarmannen. Norden krige yn 1255 stedsrjochten en is sa de âldste stêd yn East-Fryslân. Meidat de see-earm de Leybocht grutte parten lân fuortfriet, wie Norden fan de 15e oant de 17e ieu in seehaven. Yn de Twadde Wrâldkriich roan de stêd suver gjin oarlochsskea op. Oant 1977 wie Norden in selsstannich distrikt. Yn 2005 fierde Norden dat it 750 jier lyn stêdsrjochten krige.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing Norden yn Nedersaksen

Stedsdielen foar de gemeentlike weryndieling[bewurkje seksje | edit source]

Alle neikommende stedsdielen, útsein Bargebur, foarmje no it stedsgebiet Norden, dat sels gjin stedsdiel mear is.

  • Armenplatz
  • Bargebur (enklave)
  • Ekel
  • Lintel
  • Norden-Neustadt
  • Westgaste
  • Westlintel
  • Zingel

Stedsdielen nei de gemeentlike weryndieling[bewurkje seksje | edit source]

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Gearstalling gemeenteried[bewurkje seksje | edit source]

De gemeenteried bestiet út 34 leden, plus in sit foar de keazen boargemaster. De raad sjocht er sûnt septimber 2006 sa út:

Partij Sitten
SPD 14
Christlich Demokratische Union Deutschlands (BRD) (CDU)2 6
Wählergruppe Zukunftsorientierter Bürger (ZoB)2 11
Bündnis 90/Die Grünen2 2
FDP2 1
Boargemaster1 1

1 De boargemaster is amtshalve lid fan de ried
2 De fraksjes CDU, ZoB, Bündnis 90/Die Grünen en FDP foarmje ien groep yn de rie, de Allianz.

Stedebannen[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente hat stedebannen mei:

Berne yn Norden[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: