Fryske talen
De Fryske talen foarmje in lytse subgroep fan 'e Noardwestgermaanske talen, dy't wer diel útmeitsje fan 'e Westgermaanske talen.
De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammentlik yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn Dútslân.
| Frysk | holle | foarholle | each | noas | mûle | tosk | kin | wang | sliep | ear |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Eastfrysk (Sealterfrysk) | Kop | Stierne | Oge | Nose | Mule | Tusk | Keeuwe | Soke | Tuddenge | Oor |
| Noardfrysk (Mooring) | hood | foorhood | uug | noos | müs | täis | kan | siik | teening | uur |
| Noardfrysk (Fering) | hood | braanj | uug | nöös | mös | tus | kan | sjuuk | uar |
De Fryske talen binne nau besibbe oan 'e Angelsaksyske talen. Hja hawwe har lykwols oars ûntwikkele troch de oanhâldende ynfloed fan omlizzende talen.
Ynhâld |
Klassifikaasje [bewurkje seksje]
- Yndo-Jeropeesk
- Germaansk
- Westgermaansk
- Noardwestgermaansk (Anglo-Frysk)
- Frysk
- Noardwestgermaansk (Anglo-Frysk)
- Westgermaansk
- Germaansk
Tal sprekkers [bewurkje seksje]
Yn Fryslân sprekke likernôch 440.000 minsken de Fryske taal (2004), wêrfan krek wat mear as de helte fan de minsken as memmetaal. Der wurdt ek Frysk sprutsen yn it Grinslanner Westerkertier, yn de Dútske gemeente Sealterlân en yn Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein oan de Dútsk-Deenske grins. Yn de streek East-Fryslân wurdt gjin Frysk mear sprutsen. Yn elts fan dizze gebieten wurde oare fariëteiten fan it Frysk sprutsen. It dialekt fan it Frysk yn de Nederlânske provinsje Fryslân is it Westerlauwersk Frysk. Mei Westerlauwersk wurdt de lizzing fan de lokaasje wêr’t de taal sprutsen wurdt bedoeld, westlik fan de rivier de Lauwers, dat de grins tusken Fryslân en Grinslân foarmet. It Frysk sa’t dat op de Nederlânske skoallen ûnderwezen wurdt, en yn offisjele stikken brûkt wurdt, is it Standertfrysk. Der is al lange tiid gjin ûndersyk dien nei it tal minsken dat wrâldwiid Frysk sprekt dien. Yn in publikaasje út 1976 wurdt it tal sprekkers yn Nederlân fan it Westerlauwersk Frysk, dat by fier it grutste tal sprekkers fan de Fryske talen hat, op 700.000 rûze.[1]
Yn Saterlân binne likernôch 2.000 minsken dy’t Sealtersk prate. [2] Yn Noard-Fryslân binne likernôch noch 10.000 minsken dy’t it Noardfrysk sprekke. [3] De measte fan de minsken dy’t dizze taal prate wenje op de eilannen Söl, Feer, Oomram en Helgolân.
Skiednis [bewurkje seksje]
Frysk hat al in lange skiednis. De Fryske taal dy't tusken 1100 en 1575 sprutsen waard wurdt it Aldfrysk neamd. Der binne Aldfryske teksten bekend út de 7e ieu. It Frysk fan 1500 oant likernôch 1820 wurdt it Midfrysk neamd. Fan dizze tiid binne net in soad teksten bewarre bleaun, omdat der kwealik yn skreaun waard. Ien fan de minsken dy't dat al dy't wie de skriuwer Gysbert Japicx (1603-1666), wêrnei ek de Gysbert Japicxpriis nomd is. It Frysk fan nei 1820 oant no is it Nijfrysk.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|