Kloppenboarch (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kloppenboarch
Cloppenburg
Cloppenburg in CLP.svg
Sifers
Ynwennertal 32.640 (2011)
Oerflak 70,62 km²
Befolkingstichtens 462 / km²
Hichte 39 m
Polityk
Lân Dútslân
Regierungsbezirk Weser-Iems
Dielsteat Nedersaksen
Boargemaster Wolfgang Wiese (CDU)
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid (UTC+2)
Webside Offisjele webside
St.-Andreas-tsjerke yn Kloppenboarch

Kloppenboarch (Cloppenburg) is in Dútse stêd en it grutste plak yn it distrikt Kloppenboarch yn it Regierungsbezirk Weser-Ems yn de dielsteat Nedersaksen. Kloppenboarch leit yn it Aldenboarger Lân tusken Osnabrück en Aldenboarch, net fier fan de A1, de grutte autowei dy't it Ruhrgebiet mei Bremen en Hamburg ferbynt.

De earste histoarje fan in greefskip mei de namme Cloppenburg is út 814. It tsjerkedoarp waakste yn de midsieuwen ta in plak mei in doarpsplein, in bûtenpleats en in mûne. Greve Cloppenburg (1180-1251) hie nauwe bannen mei ferskare greefskippen yn Nederlân, lykas dy fan Arnhim en Sutfen fia de greve fan Sutfen, Otto II fan Gelre. De pleatsen leinen ferspraat om de de doarpskearn hinne en de ynwenners bestienen fral fan de lânbou. Sûnt 1825 soargen de stienfabriken yn de úterwaarden ek foar wurkgelegenheid. De stêd hat hjoeddedei ek wat yndustry, bygelyks: Lumberg, (makket ferbiningssystemen) en Derby Cycle (fytsefabryk).

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Museumdoarp Kloppenboarch

Ien fan de grutste toeristelûkers is it Museumdoarp Kloppenboarch, in neimakke midsieusk doarp mei rekonstruksjes fan gebouwen út it tiidrek 800 oant 1800. Der binne ek twa gebouwen út it Sealterlân.

Ferneamde minsken[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Cloppenburg en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: