Strukelje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Twatalich plaknammeboerd.

Strukelje af Struukelje (Dútsk: Strücklingen) is it noardlikste doarp fan it Sealterlân.

It dialekt fan Stukelje is it noardlikste dialekt fan it Sealtersk. De âldste foarm fan de namme Strukelje is fan 1473: struklinge. De útgong -linge hat him letter ta -lje ûntwikkele.

Ta it doarp heart ek it buorskip Uutände Yn 'e Midsieuwen stie dêr de tsjerke, dat faaks is dat noch âlder as Strukelje sels. Fierders hearre ek de buorskippen Baaljene, Bieuwelte, Strukelje-West, Wietsound, Ubbehusen en Boukeläsk (Kleaster) ta it doarp. Yn juny 2006 hie Strukelje 3.296 ynwenners,

Oan de westkant fan Strukelje leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Strukelje leit oan de Dútske Feanrûte.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]