Sealter Ie

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sealter Ie, 1931
Sealter Ie, 1931
Marka en Oaje rinne yn elkoar ta de Sealter Ie op it wapen fan Näiskäddel

De Sealter Ie (Sealtersk: Seelter Äi, Dútsk: Sagter Ems af Sater Ems) is in lyts rivierke yn Dútslân. It hat har namme te tanken oan it gebiet dêr't it rivierke trochhinne streamt, Sealterlân.

Rin[bewurkje seksje | edit source]

Sa'n pear hûndert meters besuden fan it Sealterlân rinne de streamkes Marka en Oaje yn elkoar en foarmje dan de Sealter Ie. Fan dêrôf giet it noardlik de kant fan Sealterlân op. De rivier giet troch Sealterlân hinne en komt by de plakken Seedelsbierich, Skäddel, Roomelse, Strukelje en Boukeläsk del. By it buorskip Roggenboarch komt de rivier út yn it Elisabethfeankanaal en it Barsseler Djip. Uteinlik komme dizze rivieren tegearre út yn de Leda, in sydrivier fan de Iems.

Trochdat de Iems úteinlik yn de Noardsee útkomt is yn de Sealter Ie in lytse foarm fan tij te fernimmen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De skiednis fan Sealterlân is nau besibbe mei de Sealter Ie. Oant de 19e ieu wie Sealterlân, dat hielendal tusken moerassen yn lei, allinnich mei dizze rivier te berikken. It wie de ienichste ferbining mei it lân der omhinne. Mei trochdat de rivier de ienichste wei nei Sealterlân wie, is it Sealtersk sa relatyf goed bewarre.

Yn de midsieuwen foarme de Sealter Ie de hannelsrûte tusken de Noardseekust en it efterlân fan Westfalen.

Hjoed de dei is de Sealter Ie in rivier dy’t in protte troch wettersporters brûkt wurdt. By Roomelse kinne sportboaten gebrûk meitsje fan de rivier, de breedte fan de rivier leit hjir tusken de 16 en 20 meter. By Strukelje en Boukeläsk lizze lytse havens fan wettersportferienings. Yn Strukelje kinne kano’s en kajakken hierd wurde. Fan hjir ôf kinne toeristen in ferskaat oan rûten nimme.

Ek wurdt der in protte oan fiskerij dien. Yn de Sealter Ie swimt in ferskaat oan fisken. Bygelyks iel, brazems, bearzen, mûdhûnen en wytfisken. Sûnt inkele jierren swimme ek forellen en de salm wer yn de stream. Dizzen binne útset troch de fiskersferienings yn it gebiet.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]