Mûdhûn

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Mûdhûn
Tinca tinca.jpg
taksonomy
Klasse: Bienfisken (Osteichthyes)
Skift: Karpereftigen (Cypriniformes)
Famylje: Eigentlike karpers (Cyprinidae)
soarte
Tinca tinca

De Mûdhûn (Tinca tinca) is in fisk, en kin somtiden 70 sm. lang wurde. De fisk hat in brúnige oant grienige kleur dy't fariearret neigeraden de boaiem en de âldens.
Hy hat in dikke slimerige hûd mei hiele lytse skobben.
De mûdhûn is goed werkenber oan de reade iris yn syn each, de grutte, bolle finnen, de brede oanset fan de sturt en de burdtriedden.

Foarkommen: it grutste diel fan Jeropa en West-Aazje yn plantenrike markes en moerassen mar kin ik libje yn wrak, soer en soerstofearm wetter. Yn maaie-juny wurde 300.000-400.000 aaien lein dy't oan de planten kleve.

By't winter hâldt de mûdhûn in wintersliep.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

List fan Fisken

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings