Bears (Fisk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bears (Fisk)
Perca fluviatilis.jpg
taksonomy
Klasse: Bienfiskeftigen (Osteichthyes)
Skift: Bearseftigen (Perciformes)
Famylje: Echte bearzen (Percidae)
soarte
Perca fluviatilis

De bears (yn it Latyn Perca fluviatilis) út de fiskefamylje "Echte bearsen" (Perciae) is in fisk dy't yn de Benelúks ynhiemsk foarkomt. De bears kin oant 50 sm lang en 3 kilo swier wurde. Ek kin er 16 jier âld wurde. Besibben fan dizze soarte binne ûnder oare de snoekbears en de poask.

De bears libbet ferspraat oer hast hiel Jeropa en Noard-Aazje yn marren, plassen, sompen, rivieren en brakwetter. De fisken ridzje fan maart oant juny yn tige ûndjip wetter; se lizze bytiden wol 200.000 aaikes yn lange netfoarmige linten. De jonge rôffisk swimt faaks yn skoallen en siket syn proai, dy't er opsûget mei syn útstulpbere mûle, lâns de wetterside of by de boaiem. At de bears âlder wurdt komt er faker allinnich foar yn djipper wetter.

De bears is ek ien fan de earste fisken dy't nei oanleine wetters kolonisearret. Yn fiedselearme wetters (heidemarkes en sânôfgravings) is de bears tegearre mei de blankfoarn de dominante fisksoarte. De bears is in sichtjager en hat dus helder wetter nedich. Hy libbet oer it algemien yn skoallen fan inkele tsientallen bisten fan ûngefear likense grutte. Yn dizze skoallen kin in enoarme fiedingsniid ûntstean, wêrby't in proai troch de hiele skoalle tagelyk bejage wurdt.

Oan it begjin fan de foarige ieu wie de bears noch in stik wichtiger yn it ekosysteem. By Woerden wie it gewoan dat fiskers yn inkele oeren 40 oant 50 pûn bearzen fongen mei in gewicht fan trochstrings ûngefear in kilo. Yn it ûnfesteurde ekosysteem, sa as dat ek op Ierske marren beneikomd wurdt dominearje de bears en snoek en binne brazems en foarns folle minder algemien. Nettsjinsteande syn stikels is de bears in populêre proai foar de snoek. Bearzen steane lykas snoeken bekend om harren kannibalisme. Yn de simmer komme faaks tige grutte skoallen mei jonge bears foar dy't foar har wat âldere soartgenoaten in populêre proai foarmje. Ek dan jaget de bears faaks groepsgewiis op de opjage fiskjes.

De bears is in tige smaaklike fisk. Yn de fyftiger en sechstiger jierren fan de tweintichste ieu waard yn de Iselmar in soad bears troch beropsfiskers en angelsporters fongen. Ek yn it bûtenlân is de baars in wurdearre konsumpsjefisk. Bears meinimme om sels op te iten is bûten de grutte rivieren en de Iselmar net echt oan te rieden, om't er frij traach waakst en der nei it filearen mar in bytsje fisk oerbliuwt.