Poask
Ut Wikipedy
| Poask | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Gymnocephalus cernuus |
De poask as snotterpoask (Gymnocephalus cernuus) is in swietwetterfisk dy't lânseigen is yn de Benelúks. De poask heart ta de famylje fan de bearzen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Algemien
De poask wurdt oant 25 sm lang.
[bewurkje seksje] Ekologyske betsjutting
De poask komt algemien foar yn iepen wetter lykas de Iselmar. Yn de paaitiid yn april-juny foarmje de poask grutte iezings. Se ridzje yn ûndjip wetter op wetterplanten, stiennen en obstakels. De poask is neist de foarn it wichtichste fretten foar de ielguos.
[bewurkje seksje] Ferskaat
Yn de 18e ieu waard it stjerrebyld ‘Fisken’ yn it Frysk wol ‘Piter Poasken’ neamd. In poask is in slimerich fiskje. Wy kenne hjoed-de-dei noch de útdrukking ‘sa ferkâlden as in poask’. En fan ien dy’t net sa grut fan stal is, kin men sizze: It is mar sa’n poask.