Ingvaeones

Ut Wikipedy
Fersprieding fan de fiif Germaanske haadkloften yn 1e iuw nei Kr.

De Ingvaeones, ek Ingaevones of Noardseegermanen, is in sammelnamme foar Germaanske stammen dy't benammen oan de Noardseekust wennen. De yndieling komt út it boek Germania fan Tacitus, dy't neist de Ingvaeones de Irminones en de Istvaeones as groepen binnen de West-Germanen neamde.

Ta de Ingvaeones hearden de Angelen, Juten, Chauken en Saksen. It kontakt tusken al dizze stammen wie sa dat ûntjouwings dield waarden; der wie in mienskiplike kulturele identiteit dy't earst nei it Grutte Folkeferfarren út inoar rûn. De Frisii hearden net by de Ingvaeones, al wurde se troch harren lettere taal faak ferkeard opnommen. De midsiuwske Friezen stamje lykwols ôf fan Angelsaksyske ymmigranten dy't de namme fan de oarspronklike bewenners fan it gebiet oannamen.

De saneamde Ingvaeoanske talen binne in famylje fan talen mei in stik of wat mienskiplike kenmerken. De term is lykwols ferâldere fanwegen syn etnyske konnotaasje; Men sprekt tsjintwurdich leaver fan Noardseegermaanske of Kustgermaanske talen.