Springe nei ynhâld

Aldgisl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldgilles)
Aldgisl
aadlik persoan en/of hearsker
Aldgillis, yn de Chronique ofte Historische Geschiedenisse van Frieslandt fan Pier Winsemius.
Aldgillis, yn de Chronique ofte Historische Geschiedenisse van Frieslandt fan Pier Winsemius.
nasjonaliteit Frysk
bertedatum ?
stjerdatum ±680
Kening fan de Friezen
regear ±650 – ±680
foargonger ûnbekend (earst bekende: Audulf)
opfolger Redbad
Aldgilles wiist troch nei dizze side. Foar de studinteferiening, sjoch: Aldgilles (studinteferiening).

Aldgisl, Aldgillis, Aldegisel, Aldgils of Eadgils (— 680) wie neffens it wurk fan Stephanus Eddius in Fryske kening út de twadde helte fan de 7e iuw. Hy is de earste kening dêr't wat skriftlike boarnen oer binne en stiet bekend as in machtich hearsker. Under syn regear woeks it Fryske ryk yn omfang. De namme Aldgisl betsjut: 'âld', gisl = "gizeler", "stêf" of "spear".

Yn de Historia ecclesiastica fan Beda, in Ingelske muonts wurdt Aldgisl neamd as kening fan de Friezen. It feit dat Beda him kening neamd is hiel bysûnder en wichtich foar histoarisy, omdat de Friezen troch Frankyske boarnen út dy tiid, en dy't net oerrinne fan in soad betrouberens, altiten as in ûnderhearrich folk oantsjutten waard. Hja neamen de Fryske lieders hartoggen en gjin keningen. Skiedkundigen jouwe dêrom mear gewicht oan Beda syn beskriuwing en betiteling fan Aldgisl as dy fan de Frankyske boarnen. [1]

Fan wat wy oer him witte hat men de yndruk dat Aldgisl mear wie as allinnich in kriichshear. Hy wurdt sjoen as in frij machtich persoan dy't him nea folle oanlutsen hat fan de grutste Naasje yn dy tiid, de Franken. Opfalt, is dat er syn eigen polityk fierde, los fan it Frankyske ryk. Dat koe der net samar dwaan, en omdat er dat wol die, wurdt oannommen dat er lang oan it bewâld west hat, mooglik al fan ôf ± 650.

Aldglis hie syn machtsbasis yn it sintraal rivieregebiet yn de tsjinwurdige provinsjes Hollân en Utert. Hy residearre yn in palacium wierskynlik yn Utert of Dorestêd en neffens guon wittenskippers hearske hy oer in gebiet dat fan it Swin (by Brugge) oant de Weser ta rûn. De gebiedsútwreidingen fan it Fryske folk nei it suden ta om 650 hinne wurde op syn konto skreaun.

Under syn regear hienen de Friezen te krijen mei it machtige Frankyske ryk en krigen se it oan 'e stok mei Ebroin, de Frankyske hofmeier fan kening Teuderik III. Dêrby wie it behearskjen fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de fijannichheden. Aldgisl koe mei syn legermacht de Franken op in ôfstân hâlde.

Yn de winter fan 678 ûntfong Aldgisl de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en joech dizze in ûnderkommen. Hy wegere oan it fersyk te foldwaan fan Ebroin, Wilfried oan him út te leverjen. Likernôch 680 ferstoar de Fryske kening en waard er opfolge troch Redbad, dy't nei alle gedachten syn soan wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • W.A. van Es en W.A.M. Hessing - Romeinen, Friezen en Franken in het hart van Nederland, 1994, siden 89-90.
  • H. Halbersma, Frieslands Oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utrecht-2000.

Primêre boarnen:

  • Stephanus Eddius, Vita Wilfridi I. Episcopi Eboracensis auctore Stephano in Monumenta Germaniae Historica, Passiones vitaeque sanctorum aevi Merovingici et antiquorum aliquot (IV), Hannover 1913, p. 220.
  • Beda, Historia ecclesiastica, ed. Plummer, V, 19, 326.

Fuotnoat:

  1. D.P. Blok (1979), De Franken in Nederland, Haarlim.