Doarestêd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dorestêd)
Doarestêd yn it Midsiuwske Fryske Ryk.
Doarestêd en wichtige handelsrûtes
Fynsten troch L.J.F. Janssen by de opgraving yn 1841-1842 yn Wyk by Duerstede
Fibula fan Doarestêd út ± 775-800 fûn yn in put, no yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien

Doarestêd wie ien fan de wichtichste en súksesfolste ynternasjonale hannelssintrums yn Noardwest-Jeropa fan de 7e oan it midden fan de 9e iuw. It lei by de splitsing fan de rivier de Ryn mei de Lek, en by it stee dêr't de Romeinen earder in stiennen kastiel boud hienen, tichtby it hjoeddeiske Wyk by Duerstede.

Oan de ein fan de 7e iuw waard Doarestêd omskreaun as patria Frigonum/Frixonum, dat betsjutte: lizzend yn it lân fan de Friezen.[1] It hat yn de tiid fan 600 oant 850, in plak west dêr't de Friezen en Franken foar striden hawwe, û.o. yn de Slach by Doarestêd.[2] Ferskillende kearen feroare it fan eigener, foar it lêst yn 719 doe't it foarfêst yn Frankyske hannen kaam troch Karel Martel. Yn 840 droech Lotarius I Doarestêd oer oan de Deenske bruorren Rorik en Harald. Healwei de 9e iuw rekket Doarestêd yn ferfal. It ynwennertal wurdt yn de bloeitiid rûsd op in 2.500 oant 3.000.

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste reden dat Doarestêd op it stee as bloeiende hannelspleats (emporium) ûntstie, wie troch har lizzing. It lei, oars as de tichtby lizzende stêden Utert en Fechten, op it krúspunt fan twa wichtige hannelsrûtes oer wetter. Fia de iene rûte hie Doarestêd in ferbining mei it tsjintwurdige Fryslân en it Waadgebiet fia de Kromme Ryn, Utertske Fecht en de Almere. Yn grut ferbân ferbûn it Skandinaavje en it Eastseegebiet mei it Frankyske Ryk.

De twadde hannelsrûte rûn langs de Lek nei de kust en foarme in ferbining tusken it Rynlân en de Atlantyske kust en Ingelân.[3] Ek koe men fia dizze ferbining de Skelde berikke en dêrtroch it Frankyske kerngebiet yn Noard-Frankryk.

De haven fan Doarestêd wie boud mei in pear kaaien yn de Ryn. De rin fan de rivier feroare lykwols stadichoan, sadat de rivier hieltyd fierder fan de stêd ôf kaam te lizzen. Foar it behâld fan oansluting op de rivier wie in fergrutsjen fan de kaaien nedich.

Bloeitiid en muntslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd wie wiidferneamd troch de eigen munt dy't der slein waard. Om-ende-by 640 hat der in muntmaster mei de namme Madelinus oan it wurk west. Oant likernôch 690 waarden der gouden munten slein, dêrnei in protte sulveren skeatta's.[4][5] De skeatta út Doarestêd hawwe aardich lang as in wichtich betelmiddel jilden, en koe der mei betelle wurden yn West- en Noard-Jeropa. Yn it Karolingyske tiidrek waarden yn Doarestêd munten slein mei it opskrift fan Pippyn de Koarte, Karel de Grutte en Loadewyk de Fromme.[6] Muntjild dat yn Doarestêd slein is, is oant yn Ruslân weromfûn. In oarkonde fan Karel de Grutte út 777 stiet opskreaun dat er yn Doarestêd ouwerbelêsting (ripaticum) heven waard.

Yn 695 fersloegen de Franken ûnder lieding fan kening Pippyn II de Friezen yn de slach by it 'castrum' Dorestêd. De stêd kaam yn Frankyske hannen en bleau dat oant 715 doe it wer Frysk waard, mar trije jierren letter mei de dea fan kening Redbad wiksele er wer opnij fan eigener, diskear foarfêst.

Mei troch de beskerming fan Karel de Grutte en de biskoppen groeide Doarestêd yn de 8e en 9e iuw út ta in stêd mei 3000 ynwenners. As fergeliking: Yn de stêd Utert wennen doe sa'n 400 minsken. De bou fan de stêd wie alhiel ôfstimd op de hannel, sa'n 3,5 kilometer fan de Kromme Ryn wie beboud en fan steigers foarsjoen. Yn 800 is de stêd op syn rykst. It is dan oerslachplak fan tusken Noard- en Súd-Europa. Glês út Feneetsje giet oer Doarestêd nei Skandinaavje en hout krekt oarsom. Trochdat Doarestêd destiids in rike stêd wie, kaam der ek omtinken fan de Wytsingen (Gottfried (Fryslân) bygelyks) dy't de stêd geregeld plonderen, û.o. yn 834, 835, 844, 857 en 873. It ferhaal dat de Wytsingen it plak platbaarnden is net wis. Ynstee fan de melkko te slachtsjen kamen se alle jierren werom foar in lytse rôverij. It hannelsplak wie ommers min te ferdigenjen. Neffens wittenskippers wienen der by de oanfal yn 834 op Doarestêd likernôch 7000 Wytsingen belutsen.

It ferfal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ferskate teoryen oer it ferfal fan Doarestêd:

  • Troch it hieltyd wer feroarjen fan de rin fan de Ryn wie hannel dreech. It waard hieltiten dreger om de haven iepen te hâlden
  • It plonderjen troch de Wytsingen.
  • Troch it ferskowen fan ekonomyske macht. Nije stêden as Dimter, Tiel en Utert kamen op.
  • Fiergeande feodale feroaringen, de Frankyske keningen besochten de macht oan de ein fan de 9e iuw kwyt te reitsjen.
  • It wieter wurden fan it efterlân

Ien fan de boppesteande faktoaren, of in kombinaasje dêrfan hat laat ta it ferfal fan Doarestêd. De krekte lizzing fan Doarestêd waard pas wer dúdlik yn de kâlde winter fan 1842 doe't resten werom fûn waarden en der opgravings folgen. De grutste opgravings wienen tusken 1967-1977 doe't in nije wyk oanlein wurde soe. Yn it hjoeddeistige museum fan Wyk by Duurstede leit in grut part fan archeologyske fynsten útstald.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Kosmograaf van Ravenna, Cosmographia I.11, Online excerpt en IV.23 Online excerpt
  2. W.A. van Es en W.J.H. Verwers (2000), side. 32
  3. J. Dijkstra, J. van Doesburg en M.M. Sier
  4. D.J. Henstra, s. 48
  5. G.M. de Meyer en C.F.M. Koch, s. 7
  6. H. Enno van Gelder (1978), Munten, yn: Spiegel Historiael, siden 302-304

Keppeling om utens: