Flyers It Hearrenfean
| Friesland Flyers | |
|---|---|
![]() |
|
| Basis ynformaasje | |
| Namme | Friesland Flyers |
| Oprjochte | 1967 |
| Stadion | Iishockeyhal Thialf-stadion (3.500 sitplakken) |
| Klubkleuren | Giel, wyt en read |
| Foarsitter | Henk Hoekstra |
| Trener | Chris Eimers |
De Friesland Flyers binne in Nederlânske Iishokky klub fan It Hearrenfean. De ploech spilet yn de Nederlânske Earedivyzje, it heechste Iishokky nivo yn Nederlân. Trener by de Flyers is de Chris Eimers. De Flyers spylje harren thúswedstriden yn de iishockeyhal fan it Thialf-stadion, dy't in kapasiteit hat fan 3.500 sitplakken.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
De Flyers binne oprjochte yn 1967. Oant no ta wisten de Flyers sân kear kampioen fan Nederlân te wurden. Dit barde yn de jierren fan 1977 oant en mei 1983. Tsien kear waard de beker wûn. Foar it lêst barde dit yn it seizoen 2001-2002.
Yn de kompetysje fan 2006-2007 helje de Flyers de finale fan de play-offs yn de Earedivyzje. Uteinlik wurdt yn in ‘bêste út fiif’ mei 3-0 fan de Tilburg Trappers ferlern. Ek in it seizoen 2007-2008 stean de ploegen tsjin oer elkoar yn de finale fan de de play-offs. Op 'e nij blykt Tilboarch te sterk te wêzen foar de Flyers. Dizze kear wurdt der mei 3-1 ferlern.
Namme [bewurkje seksje]
Yn ferbân fan de sponsoring fan de Flyers wurdt de namme ek faak neamd mei de namme fan de sponsor.
- Nammen mei * derfoar binne de sponsornammen.
| Competitienamme | Seizoen(en) | Info |
|---|---|---|
| Thialf Heerenveen | 1971/72 - 1973/74 | |
| * Peters & Jager Heerenveen | 1974/75 | |
| * Feenstra Verwarming Heerenveen | 1975/76 - 1977/78 | |
| * Feenstra Flyers | 1978/79 - 1983/84 | |
| * Freriks Flyers | 1984/85 | |
| * BP Flyers | 1985/86 - 1989/90 | |
| * Forbo Flyers | 1990/91 - 1991/92 | |
| Flyers | 1992/93 - 1994/95 | (oant jannewaris 1995) |
| * Pelgrim Flyers | 1994/95 - 1999/00 | (fan jannewaris 1995 ôf) |
| * Formido Flyers | 2000/01 - 2003/04 | |
| * Vadeko Flyers | 2004/05 - 2007/08 | |
| * Hajé Flyers | 2008/09 - 2009/10 | |
| * A6.nl Flyers | 2010/11 | |
| Friesland Flyers | 2011/12 - 2012/13 | (oant jannewaris 2013 noch sponsore troch A6.nl; fan jannewaris 2013 ôf sponsore troch UNIS) |
Prestaasjes [bewurkje seksje]
Seleksje 2012/13 [bewurkje seksje]
Stêf [bewurkje seksje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
