Jacques Tichelaar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jaques Tichelaar (It Hearrenfean, 2 jannewaris 1953) is in Fryske politikus. Yn 2005 wennet de politikus yn It Oranjewâld en wie fan 23 maaie 2002 oant 1 maaie 2009 ôf lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA. Sûnt 1 maaie 2009 is hy Kommissaris fan de Keninginne fan Drinte.

Dêrfoar wie hy fan 1976 oant 1989 fice-direkteur fan in basisskoalle, algemien siktaris fan it ABOP fan 1989 oant 1994. Oanslutend wie hy foarsitter fan de AOB oant 1 juny 2002.

Jaques Tichelaar makke 1973 syn havo-oplieding ôf yn It Hearrenfean. Dêrnei gie er nei de Pedagogyske Akademy yn dat plak. Dêrnei slagge hy foar Business administration oan de Kingston University yn it Feriene Keninkryk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]