Wouter Bos

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wouter Bos

Wouter Bos (Flaardingen, 14 july 1963) is in Nederlânske politikus.

Jeugd[bewurkje seksje | edit source]

Wouter Bos is berne op 14 july 1963 yn Flaardingen. Hy hat al op jonge leeftyd wat fan de wrâld sjoen; syn heit wie direkteur fan in kristlike ûntwikkelingsorganisaasje en letter ambassadeur yn Sûdan en Etioopje. De húshâlding wie kristlik en gie dan ek eltse snein nei tsjerke. De âlden stimden wol de PvdA, wat foar in kristlik gesin earder net gewoan wie.

Wouter Bos slagge op 17-jierrige leeftyd foar it gymnasium. Dêrnei gie hy studearjen oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Hy begûn mei politikology en in jier letter mei ekonomy. Hy studearre foar beide stúdzjes kume laude ôf.

Iere karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Hy gie nei it ôfstudearjen oan it wurk foar de Shell. Hy reizge de hiele wrâld ôf. Hy wurke yn Bûkarest, Hong Kong en Londen. Dit die er njoggen jier lang. Letter seit hy oer dizze perioade dat it in moaie tiid wie. mar it wurk paste dôchs net hielendal by him. Dêrom naam hy yn 1998 ûntslach. Hy gie staazje rinnen by Rick fan der Ploeg dy’t dan de finansjele wurdfierder is yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Yn maaie kaam Wouter Bos foar it earst yn de Twadde Keamer. En twa jier letter wie er steatssiktaris fan Finansjen ûnder de VVD minister Zalm. De gearwurking hawwe beide manlju as posityf erfaren. Nei de fal fan it Twadde pearse kabinet gie Wouter Bos werom nei de Twadde Keamer.

Listlûker earste ferkiezing[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2002 ferlear de PvdA de ferkiezingen. Ad Melkert hie nea in goed antwurd jaan kind op it ferhaal fan Pim Fortuyn. Nei't Ad Melkert dêrom fuortgie joech Wouter Bos oan dat er fraksjefoarsitter wurde woe. Hy woe de partij feroarje en sei ta dat er de 1 miljoen kiezers werom helje soe; foar minder woe er it net dwaan.

In soad tiid hie de partij net om nei te tinken oer wat der barre moast en wa't dat dwaan moast. It kabinet Balkenende I foel al nei 87 dagen en de PvdA moast in nije listlûker kieze. Wouter Bos stelde him beskikber. De PvdA-leden keazen him dan ek as listlûker. De leden woenen him graach hawwe omdat er yn normale minsketaal prate. Hy woe graach mear minsken yn de partij dy’t net allinnich mar prate wolle mar ek wat dwaan. Hy neamt dizze minsken de 'yn gelul kinst net wenje’-type minsken, de 'net lulle mar poetse'-minsken. Dôchs seach Wouter Bos himsels yn dy tiid blykber net as premier fan it lân. Foar de Twadde Keamerferkiezing fan 2003, skode er de Amsterdamske boargemaster Job Cohen nei foaren as kandidaat-premier.

By de ferkiezing wûn de PvdA; Wouter Bos bliek in stimmenlûker te wêzen. De partij krige der der 19 sitten by en kaam mei 42 yn de Keamer. Dêrmei wienen hja lykwols krekt net de grutste; it CDA bleau harren foar mei 44 sitten. Yn de formaasje dy’t folge, die bliken dat it net echt klikte tusken de PvdA en it CDA. Nei 80 dagen hâlden de partijen der mei op. Wouter Bos koe it min fine mei Jan Peter Balkenende. Se wurden it net iens oer besunigings dy’t nedich wiene om Nederlân der ekonomysk wer wer boppe-op te krijen. It CDA foarme dêrnei in kabinet mei de VDD en D66.

Listlûker twadde ferkiezings[bewurkje seksje | edit source]

Op 11 july 2006 waard Wouter Bos troch it bestjoer fan syn partij oanwiisd as de listlûker fan de Twadde Keamer ferkiezing fan 2006. Diskear fûn er sels ek dat er wol premier wurde koe. Dizze ferkiezing rint oars as de ferkiezing yn 2003. De wizigjende stânpunten fan Wouter Bos oer de AOW en letter oer de Armeenske Genoside makken de posysje fan Wouter Bos dreech. Yn de tarin nei de ferkiezings rekke de sfear tusken it CDA en de PvdA hielendal bedoarn. De ferkiezingen eindige teloarstellend. De PvdA krige 33 sitten en dat wylst se in jier earder yn de peilingen op 60 stienen. Wouter Bos waard nei de ferkiezingen wol wêr ta fraksjefoarsitter keazen.

Kabinetslid sûnt 2007[bewurkje seksje | edit source]

De sfear mei dan earst min west hawwe, dochs waard der nei trije moannen in regear foarme mei CDA en PvdA. tegearre mei de KristenUny. Bos wie ûnderhanneler oer it te foarmjen kabinet. Hy hie earder sein dat er nea yn in kabinet sitten gean soe mei Jan Peter Balkenende as premier, mar die dat yn dit gefal al, nei syn sizzen om lieding te jaan oan it ûnerfaren kabinet. Wouter Bos is yn it kabinet fise-premier en minister fan Finânsjes. As minister fan Finânsjes hie er ûnder oare te krijen mei de kredytkrisis. Hie is ferneamd wurden troch de oername fan de Fortis bank troch it Nederlânske regear. Yn septimber 2008 keapje it Nederlânske, Belgyske en Lúksemboarchske regear oandielen fan de Fortis bank. Fjouwer dagen dêrnei seit Wouter Bos dat it Nederlânske regear it 'sûne part' fan Fortis kocht hat foar 16,8 miljard.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 2006 - Dit land kan zoveel beter (autobiografy en politike takomstfyzje)
  • 2006 - Wat Wouter Wil (Ferkiezingsboek, presintearre op 1 novimber 2006)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]