23 july
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
16 - 17 - 18 - 19 - 20 - 21 - 22 - 23 july - 24 - 25 - 26 - 27 - 28 - 29 - 30
23 july is de 204e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 205e dei).
Der folgje noch 161 dagen.
[bewurkje seksje] Foarfallen
- 1146: It biente fan de Hillige Trije Keningen komt ûnder grut jûchhei fan de befolking yn Keulen oan.
- 1453 - Yn de Slach om Gavere ferslaat Filips de Goede de opstandige stêd Gint. It ferset fan de Gintenaren foarkomt in plondering fan de stêd.
- 1490 - Yn de Slach by Brouwershaven wurdt jonker Frans fan Brederode swier ferwûne finzen nommen. Hjirmei komt definityf in ein oan de Jonker Fransenoarloch en oan de Hoekse en Kabbeljauske Twisten.
- 1568 - Alva lûkt Grins binnen.
- 1572 - Yn Roermond wurde 23 preesters, wêrûnder de siktaris fan de biskop, fermoarde troch troepen fan Willem fan Oranje.
- 1618 - Maurits komt mei it grut gefolch te sjen by de besette kleastertsjerke.
- 1736 - Van Imhoff wurdt gûverneur fan Nederlânsk Ceylon
- 1757 - Slach by Hastenbeck. De allieerde striidkrêften fan it keurfoarstendom Hannover, Hessen en Brunswyk waarden ferslein troch in Frânsk leger. Dit resultearre úteinlik yn de besetting fan Hannover.
- 1881 - De 5-jierrige Johannes Huibers, letter biskop fan Haarlem, leit de earste stien fan it Sintraal Stasjon yn Amsterdam.
- 1903 - Henry Ford ferkeapet syn earste auto, in twasilinder Model A dy't makke is yn Detroit.
- 2004 - De Stifting Fryske Aksje kaapt de domeinnamme
www.ednijpels.nl
- 2007 - De Fryske oersetting fan Harry Potter and the Philosopher's Stone komt út
[bewurkje seksje] Berne
- 1339 - Loadewyk I fan Anjou, hartoch fn Anjou († 1384)
- 1826 - Pieter Caland, Nederlânsk weterboukundige († 1902)
- 1923 - Thea Beckman, Nederlânsk berneboekeskriuwster († 2004)
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 1382 - Johanna I fan Napels
- 1581 - De Spanje tagediene steedhâlder Rennenberg ferstjert yn Grins.
- 1757 - Domenico Scarlatti, Italjaansk komponist
- 1853 - Andries Pretorius, Súd-Afrikaansk politikus en Voortrekker (* 1799).
- 1916 - Sir William Ramsay (63), Britsk gemikus en Nobelpriiswinner
16 - 17 - 18 - 19 - 20 - 21 - 22 - 23 july - 24 - 25 - 26 - 27 - 28 - 29 - 30
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier