Stifting Fryske Aksje

Ut Wikipedy

De Stifting Fryske Aksje, of koarter Fryske Aksje, wie in aksjegroep út Fryslân.

Ed Nijpels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stifting hat namme makke doe't begjin jannewaris 2006 dúdlik waard dat hja sûnt 23 july 2004 it domein www.ednijpels.nl kaapt hienen. Se wiene lilk op de Kommissaris fan de Keninginne, Ed Nijpels. Nijpels koe neffens harren noch hieltiten gjin Frysk en dat wylst de provinsje twatalich Nederlânsk en Frysk is. Nijpels krijt syn domein wer werom as er in steatefergadering yn it Frysk liedt.

Nijpels is it mei de krityk net iens. Hy sei: Dit is ludike aksje, mar foar it selde jild wurdt jo site kaapt troch minsken die der misbrûk fan meitsje wolle. Nijpels sei ek dat er by bepaalde gelegenheden wol Frysk praat.

Kameleon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groep hat earder al fan him hearre litten. Yn 2003 hawwe se in eigen Fryske Kameleonfilm makke. It wie in protest tsjin de offisjele Kameleon film dy't yn it Nederlânsk filme waard.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]