Nico Jan Hoogma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Nico Jan Hoogma (It Hearrenfean, 26 oktober 1968) is in âld Nederlânsk fuotballer ôfkomstich út de provinsje Fryslân. Berne yn It Hearrenfean, hat er nea foutballen foar SC Hearrenfean. Hoogma kaam út foar Cambuur Ljouwert, FK Twente, Hamburger SV en Herakles Almelo. Hy spile de measte wedstriden yn de ferdigening.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Hoogma spile lange tiid yn de jeugdalvetallen fan Cambuur, mar yn 1988, doe’t hy yn de A’s fan Cambuur spile besluet hy om werom te gean nei de amateurklub VV Drachten, doe útkommend yn de haadklasse. In jier letter, yn it seizoen 1989/1990, kaam Cambuur werom, hy gie, doe hast 21 jier, wer nei it proffuotbal en makke dat jier syn debút yn de Earste divyzje. Al gau krige hy in basisplak yn it earste alvetal. Yn 1991/1992 promovearre hy mei Cambuur nei de Earedivyzje. Tegearre mei syn trener Rob Baan gie hy, nei trije jier yn it earste fan Cambuur spile te hawwen, yn 1992 nei FK Twente ta, wêr’t hy de opfolger wurde moast fan Fred Rutten.

Ek by Twente krige Hoogma al gau in basisplak. Syn debút op 16 augustus 1992 waard dan wol ferlern mei 0-5 fan Feijenoord, dochs spile hy mei de klub in goed seizoen. Mei de winterstop stie de klub sels twadde, úteinlik wist hy mei syn ploech as fiifde te einigjen, wêrtroch Twente yn it Jeropeeske UEFA Kup-toernoai spylje mocht. Yn dit toernoai moast Twente yn de earste omgong spylje tsjin Bayer Múnchen út Dútslân. De twa wedstriden waarden mei 4-3 en 3-0 ferlern. Uteinlik spile Hoogma seis jier foar Twente, hjir spile hy 187 kompetysjewedstriden en tsien Jeropa Kup-wedstriden. Hjiryn skoarde hy 18 kear.

Yn 1998 gie Hoogma nei it Dútske Hamburger SV ta. Hjir belibbet Hoogma syn hichtepunten as proffuotballer. Yn 2001 wurdt hy de oanfierder fan de klub en spilet hy yn de Champions League. Yn 2003 wint HSV de Dútske Beker. Yn 2004, as Hoogma 35 jier is, komt hy werom nei Nederlân. Hoogma giet spyljen foar Herakles Almelo, dan noch spyljend yn de Earste divyzje. Yn syn twadde seizoen dêr, 2004/2005, wurdt hy kampioen yn dy kompetysje.

Yn totaal spilet Hoogma 525 kompetysjewedstriden, hy makket hjiryn 42 doelpunten. Hoogma spilet dan noch ien jier proffuotbal wêrnei't hy syn karriêre ôfslút.

Op 1 jannewaris 2007 giet Hoogma as algemien direkteur by Herakles oan de slach.

Statistieken[bewurkje seksje | edit source]

Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje
1989/90 SK Cambuur 35 7 Flagge fan Nederlân NED Earste divyzje
1990/91 Cambuur Leeuwarden 34 1 Flagge fan Nederlân NED Earste divyzje
1991/92 Cambuur Leeuwarden 29 2 Flagge fan Nederlân NED Earste divyzje
1992/93 FC Twente 29 2 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
1993/94 FC Twente 33 5 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
1994/95 FC Twente 33 3 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
1995/96 FC Twente 31 2 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
1996/97 FC Twente 32 4 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
1997/98 FC Twente 25 1 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
1998/99 FC Twente 4 0 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
1998/99 Hamburger SV 30 1 flagge fan Dútslân Bundesliga
1999/00 Hamburger SV 31 3 flagge fan Dútslân Bundesliga
2000/01 Hamburger SV 31 1 flagge fan Dútslân Bundesliga
2001/02 Hamburger SV 28 5 flagge fan Dútslân Bundesliga
2002/03 Hamburger SV 27 1 flagge fan Dútslân Bundesliga
2003/04 Hamburger SV 30 2 flagge fan Dútslân Bundesliga
2004/05 Heracles Almelo 33 2 Flagge fan Nederlân NED Earste divyzje
2005/06 Heracles Almelo 30 0 Flagge fan Nederlân NED Earedivyzje
Totalen: 525 42

Persoanlik[bewurkje seksje | edit source]

Hoogma is troud en hat trije bern. Hy wennet yn Oldensaal.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

http://www.vi.nl/Spelers/Speler/Nico-JanHoogma.htm Spilerspaspoort en statistiken - Voetbal International]