Eelco Nicolaas van Kleffens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Van Kleffens, 1939
Eelco van Kleffens yn 'De Wervelwind', septimber 1943

Eelco Nicolaas van Kleffens (17 novimber 1894, It Hearrenfean - 17 juny 1983, Almoncugenma) wie beropsdiplomaat. Polityk sjoen wie er liberaal, mar net bûn oan in partij.

Eelco Nicolaas van Kleffens wie fan Dokkumer komôf. Hy is op 17 juny 1886 berne op it Hearrenfean, dêr't syn heit, Henricus Cato van Kleffens, by it kantongerjocht amtner fan it Iepenbier Ministearje wie.

Op 4 april 1935 troude er mei de Amerikaanske Margaret Helen Horstman (1912-1993) .

Van Kleffens waard beropsdiplomaat. Hy hie ferskate funksjes by it ministearje fan Utlânske Saken. Yn 1939 waard er minister fan Utlânske Saken yn it kabinet-Gerbrandy. Yn de de maaie dagen fan 1940 fleach er as fertsjintwurdiger fan it regear nei Londen om help te freechjen. Yn Londen hat er ek de oarlochsjierren meimakke. Faak moast er bemiddelje tusken keninginne Wilhelmina en Piter Sjoerds Gerbrandy.

Yn 'e oarloch hat er al dwaande west mei mear ynternasjonale gearwurking. Nei 1947 hat er him dêr hielendal op talein. In bekroaning dêrfan hat west dat er yn 1954/1955 foarsitter waard fan de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes.

Op foardracht fan Mr. Eelco Nicolaas van Kleffens, waard op 17 oktober 1947 in fersetskrús takend oan de ûnbekende Joadske soldaat dy’t yn it Getto fan Warsjou syn libben joech foar de frijheid fan alle folkeren.

Nei't er pinsjonearre waard, gie er mei syn frou Margaret nei Portegal te wenjen. Sûnt 1950 wie er al minister fan steat. Hy is op 17 juny 1983 ferstoarn yn Almoncugenma yn Portegal.

Van Kleffens hat him altyd in Fries field. Om't er dêr lânhearre wie, hâlde hy ek in bân mei Raard. Yn in ynterview liet er de ferslachjouwer dan ek grutsk in âlde kaart sjen, dêr't de Kleffens op oanjûn wie.

Om dizze bân woe er mei syn frou, neffens de famyljetradysje, yn Raard tusken syn folk begroeven wurde, en dat is ek bard.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • De internationaalrechtelijke betrekkingen tussen Nederland en Japan (1605-heden), Leien 1919, (dissertaasje)
  • The rape of the Netherlands, útjouwer. Hodder & Stoughton (1940) (Van Kleffens' fyzje op de Dútske motivaering fan de Dútske oanfal op Nederlân yn 1940); Ned. oers. De overweldiging van Nederland, útj. The Netherland Publishing Company, Londen (1941)
  • Sovereignty in international law, 1953
  • Belevenissen I en II 1980-1983 (memoires)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]