Gerben van Manen (skûtsje)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Hearrenfean
Gerben van Manen - It Hearrenfean.jpg
Seilteken fan Gerben van Manen
Seilteken
Eigener Stichting It Hearrenfeanster Skûtsje
Plak It Hearrenfean
Werf Van der Werff, De Piip
Boujier 1930
Kleur brún
Lingte 19,45
Breedte 3,74
Holte 1,14
Djipgong 0,43
Skipper Pieter Sietsesz Brouwer fan Warten
Tonnaazje 44

De Gerben van Manen is it skûtsje dat foar it Hearrenfean yn de wedstriden fan de SKS meisylt. It skûtsje is besit fan de Stifting Hearrenfeanster Skûtsje.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Stichting

Doe't yn 1956 yn Earnewâld de earste skûtsjekommisje oprjochte waard en in skûtsje yn de feart hâlde. tochten in oantal leden fan de Feanster sylferiening "wêrom hja wol en wy net". Mei jild fan wat sylfanaten kocht de nije kommisje it skûtsje fan skipper Berend Mink út Grou De Willem Barendz. De Snitser Mar by Terherne waard útkeazen as wedstriidwetter, Marten Engelsma siet oan it helmhout en yn 1957 sylde de Gerben van Manen, lykas it skûtsje wyls omdoopt wie nei de oprjochter fan de SKS (Gerben van Manen, de earste wedstriid. It skip is boud yn 1915 op skipswerf de Piip yn Drachten. It hat lykwols jierren oan de wâl lein as it wenskip Vrouw Annigje. Doe't it yn 1960 oankoft waard as ferfanging fan it eardere skûtsje fan It Hearrenfean, is it werombrocht nei in sa orizjineel mooglike tastân. Oant 2000 hat it de mjitten holden dy't it doe hie, mar dat jier is by skipswerf Syperda yn Osingahuzen 43 sm. langer makke, dat it skûtsje ek by in lyts bytsje wyn goed meikomme kin.

[bewurkje seksje] Resultaten

De earste skipper fan it nije skûtsje fan It Hearrenfean wie Jan van Terwisga. Hy wie ek de reden fan de oankeap, om't er allinnich komme woe at der in oar skûtsje kaam. It nije skûtsje krige deselde namme as it âlde, de namme fan ien fan de oprjochters fan de SKS, Gerben van Manen. It skûtsje bongele lykwols wat efteroan. It fjirde plak yn Grou waard dêroom fierd as in oerwinning. Nei fjouwer jier waard Jan van Terwisga skipper, mar dy woe in oar skip. It bestjoer kocht doe it skûtsje de "Vrouw Annigje", dat jierrenlang oan de Hearreâl lein hie, bewenne troch "in âlde frou": Annigje de Jong. It skip wie omboud ta wenskip. It waard werrombrocht yn âlde steat en krige de namme: de Gerben van Manen. Yn 1962 waard Siep van Terwisga de nije skipper, dy't yn 1963, 1964 en 1965 trije kampioenskippen op rige helle. Yn 1968 waard dat Tjitte Lammerts Brouwer, dy't dat jier daalks kampioen waard, en wer yn 1974, 1975, 1976, 1977 en 1981. Tjitte Sietses Brouwer waard yn 1985 de skipper fan it skûtsje, mar earst yn 1990 helle dy it earste kampioenskip. Doe kamen der lykwols yn 1992, 1993 en 1994 wer trije oerwinnings efterelkoar, en yn 1997 noch ien. Nei Henk Teakema fan 1999 - 2000, Allard Sijperda fan 2000 - 2003 en nochris Tjitte Sietses Brouwer 2003 - 2004 waard yn 2004 Pieter Sietses Brouwer de skipper op it skûtsje. Mei him waard It Hearrenfean yn 2006 op 'e nij kampioen.

[bewurkje seksje] Skippers

  • 1957 - 1960 Marten Engelsma
  • 1960 - 1962 Jan van Terwisga
  • 1962 - 1968 Siep van Terwisga
  • 1968 - 1985 Tjitte Lammertz. Brouwer, "omke Tjitte"
  • 1985 - 1999 Tjitte Sietsesz. Brouwer
  • 1999 - 2000 Henk Teakema
  • 2000 - 2003 Allard Sijperda
  • 2003 - 2004 Tjitte Sietsesz. Brouwer
  • 2004 - no Pieter Sietsesz. Brouwer

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels