Sven Kramer
Sven Kramer (It Hearrenfean, 23 april 1986) is in Fryske reedrider út Aldskoat. Hy is in soan fan âld maraton- en reedrider Yep Kramer.
Karriêre [bewurkje seksje]
Yn 2004 wûn Kramer, noch mar 18 jier, en dêrmei junior, ûnferwachts it Nederlânsk kampioenskip reedriden oer-alles yn Thialf. Dêrmei fertsjinne hy in startbewiis foar syn earste Europeesk Kampioenskip, dêr't hy op 9 jannewaris 2005 twadde waard. Krap in moanne letter, op 6 febrewaris, waard hy yn Moskou tredde op syn earste wrâldkampioenskip oer-alles.
Op 19 novimber 2005, ûnder de tariedings foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn, ferbettere Kramer by in Wrâldbekerwedstriid yn Salt Lake City it wrâldrekord op de 5.000 m fan Chad Hedrick, dat net mear as in wike âld wie. Yn de wedstriid tsjin Carl Verheijen kamen beide ûnder de tiid fan Hedrick, mar Kramer kaam yn de lêste bocht ûnder syn tsjinstanner troch en sette in nije wrâldrekordtiid fan 6.08,78. Op 11 febrewaris waard er efter dyselde Chad Hedrik twadde op de 5.000m op de Olympyske Spullen.
In seizoen letter kaam Kramer hielendal los. Hy wûn trije ôfstânen op it NK Oer-alles. Twa moanne letter wint Kramer yn Kollalbo it JK Oer-alles. Mei twa nije wrâldrekords, op de 5.000 en de 10.000 meter, waard er mei oermacht kampioen. Noch ris fjouwer wiken letter liet Kramer yn Thialf op It Hearrenfean opnij sjen de bêste te wêzen. Hy wûn de 5.000 en de 10.000 meter, waard op de 500 meter fiifde en op de 1.500 meter tredde. Dêrmei waard Kramer Wrâldkampioen Oer-alles.
Grutste súksessen [bewurkje seksje]
- 19 desimber 2004 - Nederlânsk kampioen Oer-alles op It Hearrenfean.
- 19 novimber 2005 - Wrâldtoptiid op de 5.000 m.
- 11 febrewaris 2006 - Sulver op de 5.000 m op de Olympyske Spullen yn Turyn.
- 11 febrewaris 2007 - Wrâldkampioen Oer-alles op It Hearrenfean.
- 30 desimber 2007 - Nederlânsk kampioen Oer-alles yn Grins, mei alle ôfstannen wûn .
- 11 jannewaris 2009 - Jeropeesk Kampioen Oer-alles yn Thialf, mei trije ôfstannen wûn.
- 13 febrewaris 2010 - Olympysk Kampioen op de 5.000 m. op de Winterspullen yn Vancouver
- 19 febrewaris 2012 - Wrâldkampioen Oer-alles yn Moskou.
Persoanlike rekords [bewurkje seksje]
| Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
| 500 meter | 36,41 | 9 febrewaris 2007 | It Hearrenfean |
| 1.000 meter | 1.11,16 | 10 desimber 2006 | Collalbo |
| 1.500 meter | 1.44,86 | 13 jannewaris 2007 | Collalbo |
| 3.000 meter | 3.42,78 | 30 oktober 2006 | It Hearrenfean |
| 5.000 meter | 6.03,32 | 17 novimber 2005 | Calgary |
| 5.000 meter | 6.15,65 | 12 jannewaris 2007 | Collalbo |
| 10.000 meter | 12.49,88 | 11 febrewaris 2007 | It Hearrenfean |
| 10.000 meter | 13.10,44 | 15 jannewaris 2007 | Collalbo |