Sint Jabik

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint Jabik
Flagge fan Sint Jabik Wapen fan Sint Jabik
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sint Jabik
Gemeente It Bilt
Ynwennertal (2004) 1370
Webstee Webstee Sint Jabik
Sicht op de wettertoer
Oosteinde 20
Jabikstsjerke
Markearing pylgerrûte troch Henk Rusman
Aldebildtdyk 627
Aldebildtdyk 770
Pastorije Georg fan Saksenstrjitte 3
Fersetsmonumint troch Verena (Vreni) Wagner yn Sint Jabik

Sint Jabik (Biltsk: Sint-Jabik), gauris skreaun as St. Jabik of útsprutsen as Sint Japik, is in doarp yn de gemeente It Bilt, west fan Sint Anne en sa'n 13 kilometer benoarden Frjentsjer. It doarp hat likernôch 1.370 ynwenners (2004).

Sint Jabik ûntstie yn 1505, doe't It Bilt troch arbeiders út ûnder mear Súd-Hollân, Seelân en Fryslân yndike waard. It hiet yn it earstoan Wijngaarden, nei it Súd-Hollânske Wijngaarden wêr't de nije bewenners wei kamen. It nije Wijngaarden foarme in Roomske parochy dy't oan de apostel Jacobus wijd wie. Nei ferrin fan tiid gie de namme fan de parochy oer op it doarp, of it doarp waard ferneamd nei de frou (Jacoba) fan ien fan de eallju dy't it gebiet ûntginne lieten.

Grutte tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Om 1530 waard in bakstiennen tsjerke boud dy't tsjinst die oant 1843. Yn dat jier waard de tsjerke ôfbrutsen; allinnich de tsjerketoer út 1669 bleau stean. Om dizze toer hinne waard yn 1843-1844 in hielendal nije tsjerke oplutsen, nei in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Romein út Ljouwert. Letter waard efter de tsjerke noch in ekstra lokaal boud. Nei 1970 waard allinnich dit lokaal noch mar as tsjerke brûkt. Yn 1979 naam de Stifting Alde Fryske Tsjerken de eigentlike tsjerke oer. It gebou waard yngripend restaurearre en wurdt sûnt 1980 brûkt as kultureel sintrum.

Yn 2010 wol de Stifting Alde Fryske Tsjerken dat De Groate Kerk yn Sint Jabik in startpunt wurdt foar de pilgrimstocht nei Santiago di Compostella. Neist de kulturele funksje wurdt it ek in ynformaasje- en besikerssintrum foar ûnder oaren pilgrims. De tsjerke wurdt opknapt.

Broedertrouw[bewurkje seksje | edit source]

Op 27 novimber 1889 wurdt de út lânarbeiders besteande feriening "Broedertrouw" oprjochte yn St.Jabik. De feriening stelt har yn it earste plak de lotsferbettering fan de arbeiders as doel. De ôfdieling St.-Jabik fan Broedertrouw formulearret yn de maitiid fan 1890 har leaneask enn leit dy foar oan de boeren. De boeren wegerje op it foarstel yn te gean mei as gefolch dat op 17 maaie de lânarbeiders it wurk dellizze. De reaksje op it súkses fan Broedertrouw komt gau. Yn de midden fan 1890 fine 150 boeren yn It Bilt elkoar en ferbine har ta ûnderlinge steun by wurkstaking. It ferrin fan de staking is rêstich, dochs beslút it regear 100 man ynfantery, 25 fjildwachters en in oantal maresjesees nei it 'oproerige' gebiet te stjoeren. De bouboeren besykje de staking te brekken mei help fan ûnderkrûpers dy't se 15 sinten yn it oere betelje mei kost en ynwenning. Germ van Tuinen en Jan Stap, de stakingslieders, wurde der fan beskuldige ûnderkrûpers mei de dea bedrige te hawwen. Beide wurden lykwols frijsprutsen. Harren abbekaat hjit: Pieter Jelles Troelstra.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Sint Jabik is sûnt 12 maaie 2000 de kuier- en fytsrûte bekend as startplak fan it Jabikspaad, dat einiget yn it Spaanske Santiago de Compostela en dêr't keizer Karel de Grutte al fan dreamde.
  • Der binne twa partikuliere museums: it "Museum fan âlde (steam)masines" oan de Aldebildtdyk, en it "Radio Museum" oan de Klaas de Vriesstrjitte.
  • It rymke ""Een pot en een pan is het wapen van Sint-An" hat de basis west fan it doarpswapen. Ek waard it famyljewapen fan Van Haren, de eardere grytman deryn ferwurke.
  • Yn de 18e ieu is Nijefenne by Sint Jabik boud, benoarden Berltsum en besuden de Blikfaart. It wie ien fan de pear lienen yn Fryslân. Yn l502 waard Doecke Hemmema fan Berltsum der mei beliend troch Georg en Heinrich van Saksen. Letter is der noch in nije state op it stee boud troch de famylje Du Tour in neisiet fan de famylje Hemmema, mar dy is letter ek wer ôfbrutsen.
  • Troch it doarp rint ek de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Fryske Kustpaad neamd. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Kultureel sintrum sit yn de 'Groate Kerk' yn it doarp. Pleatslik Belang hat in tal DVD's meitsje litten oer it doarp yn it ferline. De Koppel en De Opstap binne de beide basisskoallen fan Sint Jabik. Stifting doarpsfeest 't Groene Hok is foar de jongerein. Yn de tredde wike fan juny is hjir de merke: 'SintJaasMet'.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

'Kooitsytipelen' is in typysk Bildtske sport, hjirfoar is efkes bûten it doarp in fjild oanlein.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Sint Jabik[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten fan Sint Jabik.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]