Fryske Kustpaad

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "North Sea Trail")
Gean nei: navigaasje, sykje
Fryske Kustpaad
LAW5-4.png
Paad LAW 5-4
Uitgave
(ISBN )
Skaaimerken
Fan: Starum
Nei: Lauwerseach
Lingte: 152 km
Verbindingen:
Bzonderheden:
Fryske Kustpaad
BSicon KBHFa.svg Starum
BSicon HST.svg Hylpen
BSicon HST.svg Warkum
BSicon HST.svg Makkum
BSicon HST.svg Wûns
BSicon eABZHSTrd.svg E9
BSicon HST.svg Surch
BSicon HST.svg Harns
BSicon HST.svg Winaam
BSicon HST.svg Easterbierrum
BSicon HST.svg Sint Jabik
BSicon HST.svg Ferwert
BSicon HST.svg Blije
BSicon HST.svg Holwert
BSicon HST.svg Dokkum
BSicon HST.svg Dokkumer Nije Silen
BSicon HST.svg De Skâns
BSicon KBHFxe.svg Lauwerseach - E9

It Fryske Kustpaad (LAW 5-4) is in lange-ôfstân-wannelpaad mei in lingte fan 152 kilometer tusken Starum en Lauwerseach.

It is op it trajekt Ofslútdyk - Lauwerseach in ûnderdiel fan de Jeropeeske wannelrûte E9 fan Hendaye nei Gdansk. De rûte is yn beide rjochtingen oanjûn mei wyt-reade tekens en yn in gidske beskreaun. De rûte folget globaal, mar net altyd, de kust fan de Waadsee.

De rûte begjint yn Starum en folget de kust fan de Iselmar oant Hylpen, en bûcht dan ôf nei Warkum, Makkum en Wûns. Krekt east fan Surch is der in oansluting op de rûte oer de Ofslútdyk: fia de Ofslútdyk kin de kuierder nei Den Oever rinne, dêr't it Dún- en Polderpaad lâns de Noardsee begjint. (Dizze rûte is net markearre, mar de kâns op ferdwalen is mar lyts, de rûte jout lykwols net folle ôfwikseling.)

It Fryske Kustpaad giet yn noardlike rjochting fierder nei Harns. De haadrûte giet oer Winaam nei Easterbierrum nei Sint Jabik; der is ek in koartere rûte dy't suver de hiele seedyk fan de Waadsee folget. Hjirmei wurdt de rûte sawat 5 kilometer ynkoarte. Nei Sint Jabik wurdt by Swarte Haan de seedyk wer berikt; de rûte rint dêrnei lâns in bûtendyks kweldergebiet, dat foar droechlizzing ornearre wie mar no de funksje fan natoergebiet hat.

De rûte giet it binnenlân yn nei Ferwert en Blije. Foar Holwert wurdt de seedyk wer efkes oandien. Fan Holwert rint de rûte lâns de seedyk nei de Lauwersmar.

Yn Starum slút it Fryske Kustpaad oan op it Suderseepaad. Yn Lauwerseach kin de wanneler syn paad ferfolgje fia it Waad- en Wierdenpaad nei Nijeskâns, of fia it Fryske Wâldenpaad nei Stienwyk. Der is ek in net-markearre rûte beskreaun fan Holwert nei Dokkum.

De rûte folget betreklik tinbefolke gebiet, dêr't akkomodaasje, horeka en winkels net altyd foarhannen binne. Oanslutings op it iepenbier ferfier bestean út stasjons yn Starum en Harns, en busferbiningen yn de measte oare plakken. Dit is lykwols faak fraachôfhinklik ferfier. It is oan te rieden om hjir by it plannen fan in meardeiske wanneling rekken mei te hâlden. Fierders wurdt fermelden dat in oantal trajekten lâns de seedyk net tagonklik binne foar hûnen, ek net as dy oan de riem sitte.

Boarnen [bewurkje seksje]