Lauwersmar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lauwersmar
Lauwersmar
Lauwersmar
Lauwersmar

De Lauwersmar is in mar op de grins fan Fryslân en Grinslân. De mar is op 23 maaie 1969 ûntstien troch it ôfsluten fan de Lauwerssee mei in 13 km lange daam. By it ôfsluten fan de see ûntstie net allinnich in grut mar, der kaam ek in protte nij lân by. De eardere Lauwersee waard benammen brûkt om te fiskjen en it wie in wichtich natoergebiet. De Lauwersmar wurdt sûnt de ôfsluting brûkt foar rekreaasje, lânbou, en as oefenterrein fan definsje. In grut part fan it gebiet is ek ynrjochte as natoergebiet.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De wichtichste reden foar de ôfsluting wie de feilichheid. Nei de wettersneed fan 1953 stie Rykswettersteat foar de kar de diken om de Lauwerssee (dy't sels ûntstie troch de Stoarmfloed fan 1280) te ferheegjen ta deltahichte, of de seeearm ôf te sluten. Under druk fan benammen de Fryske befolking (aksjeslogan: De Lauwerssé moat ticht!) waard foar de twadde opsje keazen. De Grinzers -benammen dy fan Sâltkamp- wienen destiids minder bliid mei sluting, om't de garnalenfloat en haven dêrtroch nei de nije haven fan Lauwerseach ferpleatst wurde moast.

Nei de ôfsluting kaam in part fan de eardere seeboaiem droech te lizzen. Yn de earste jierren waarden grutte dielen hjirfan gewurde litte, dêrtroch koe in protte natoer út himsels ûntstean. By de âlde kuststripe lâns binne de eardere kwelders ynrjochte as lânbougebiet. Troch ôfdaming en hieltyd trochgeande ynstream fan it Reitdjip, Dokkumer Ie en Dokkumergrutdjip waard it wetter fan sâlt earst brak en dêrnei swiet. De natoer is hjirby mei feroare.

Wetterhúshâlding en ferbinings[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Lauwersmar wurdt fan it Fryske en Grinzer lân út op ferskate plakken wetter yn de Lauwersmar pompt of spuite. Oan de eastkant, krekt ten suden fan Sâltkamp, komt it Reitdjip yn de Lauwersmar út. Flak neist de slús fan it Reitdjip leit de Fryske slús wêrtrochhinne de Lauwers yn de Lauwersmar útkomt. By Dokkumer Nije Silen wurdt it wetter út de Fryske boezem, oanfierd fia it Dokkumer Djip en de Nije Swemmer, yn de Lauwersmar lost. Fierder is der oan de westkant by Iezumasyl noch it gemaal De Dongerdielen, dêr't it wetter fan de Suderie yn de Lauwersmar pompt wurde kin. Ek is hjir noch in lytse slûs.

Spuislûzen by de Lauwersmar

By leech wetter op de Waadsee kin it wetter út de Lauwersmar troch trije grutte silen op de Waadsee lost wurde. Oan de eastkant fan dy silen leit de slûs wêrtrochhinne de skippen de Waadsee op komme kinne.

Natuergebiet[bewurkje seksje | edit source]

Kollumerwaard mei útsjochtoer De Baak

It grutste part fan de Lauwersmar is ynrjochte as natoergebiet. Oan de westkant leit de Ezumakeech. Earst ynrjochte foar de lânbou en letter wer ûnder wetter set is dit in útsonderlik gebiet dêr't men geregeldwei bysûndere fûgels sjen kin. Fierder binne der grutte natoergebieten op de Kollumerwaard en de Balastplaat. Yn in protte fan dizze natoergebieten rinne Skotse Heechlanners en Konik-hynders dy't troch te gerskjen it gebiet iepen hâlde en sa tefoaren komme dat der allinnich mar bosk oerbliuwt. Op 12 novimber 2003 is de Lauwersmar offisjeel ynsteld as nasjonaal park.

Rekreaasje[bewurkje seksje | edit source]

De Lauwersmar kin goed brûkt wurde troch de wettersport. By Lauwerseach oan de binnenkant fan de dyk leit in grutte jachthaven oan it Nije Robbegat. Ek binne der ferskate rekreaasjeterreinen oan it wetter fan de Lauwersmar geskikt om te swimmen en wynsurfen. Fierder is der by Lauwerseach in kamping en binne der bungalowparken by Lauwerseach, by de Ballastplaat en by De Skâns (Oostmahorn). Ek de natoergebieten binne meastentiids ynrjochte foar toeristen, mei kuierrûtes en fûgelkykhutten.

Definsje[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Lauwersmargebiet wiene twa grutte terreinen reservearre foar definsje. It oefenterrein Marnewaard oan de eastkant fan de Lauwersmar is sa'n 1.600 hektare grut. It bestiet út in oantal bosken en in grutte iepen flakte. Op it terrein leit ek noch it oefendoarp Marnehuzen, en oan de súdkant fan it terrein stiet de Willem Loadewyk fan Nassau-kazerne.

It twadde terrein is oan de súdeastkant. Dit part fan de Kollumerwaard waard ynrjochte as sjitterrein. Foardat definsje gebrûk makke hie fan dit terrein wie it al oerstallich, en it is no part fan it natuergebiet.

Lânbou[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet dat brûkt wurdt foar de lânbou leit benammen yn it suden fan it Lauwersmargebiet, oan de súdkant fan de Kwelderwei. Fierder noch in stripe lân oan de eastkant fan de eardere Lauwerssee.

Fiskerij[bewurkje seksje | edit source]

Lauwerseach hat in grutte fiskershaven mei in fiskôfslach. Dizze haven hat de havens en ôfslaggen yn Sâltkamp en Dokkumer Nije Silen ferfongen.

Yndustry[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Kollumerwaard leit neist it eardere sjitterrein ek noch it terrein fan de firma Muiden Chemie, dêr't in skoft in krûdfabryk west hat. Der hawwe ferskate plannen west om in oare funksje oan it terrein te jaan, bygelyks in fjoerwurkopslach of in pretpark, mar dat is oan't no ta noch net slagge.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Lauwersmeer – foto, fideo en harktriemmen