De Dongeradielen (gemaal)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It gemaal De Dongeradielen
Noarkant fan it gemaal

De Dongeradielen is in gemaal yn Iezumasyl dat it wetter fan de de Suderie yn de Lauwersmar pompt.

It gemaal is oanlein yn 1931 troch it wetterskip De Polder fan East- en Westdongeradiel om de ôfwettering fan it poldergebiet te ferbetterjen. Yn deselde tiid is ek de slús fergrutte en fernijd. It gemaal pompt it wetter út de Suderie yn de skutkolk fan de slús.

It gemaal hat trije pompen dy't eltse minút meielkoar hast 1 miljoen liter wetter út de polder de Lauwersmar ynpompe kinne. Yn 1979 is it gemaal automatisearre. As it wetter op in bepaalde hichte stiet, begjinne de pompen automatysk te wurkjen.

It gebiet dat troch it gemaal droechhâlden wurdt leit tusken de Waadsee, Holwerter Feart, Dokkumer Ie, Dokkumer Djip en de Lauwersmar. Dit gebiet komt gruttendiels oerien mei de hiele gemeente Dongeradiel.