Easterbierrum
|
|||||
| Gemeente | Frjentsjerteradiel | ||||
| Ynwennertal (2003) | 557 | ||||
| Webstee | Webstee Easterbierrum | ||||
Easterbierrum is in doarp yn it noarden fan de gemeente Frjentsjerteradiel. It doarp hat 557 ynwenners (21 desimber 2003). Troch it doarp rint de Middelwei fan Tsjummearum nei Seisbierrum dy't yn de jierren 1839—1841 in stik ferbrede en ferbettere is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It doarp waard eartiids wierskynlik Aesterbarra neamd. Noardwestlik fan Easterbierrum leit op in hege terp oan de seedyk de pleats ‘Koehoal’. Hjir waard yn 1183 it kleaster Lidlum stifte.
Oant yn de lette Midsieuwen wienen diken oer lân meastentiids ûnbegeanber en wie men foar it grutstepart op ferbining oer it wetter oanwiisd. Dy wiene ek wichtich foar de ûntwikkeling fan de doarpen. Troch de eardere slinke hie Easterbierrum altyd in goede ferbining met Tsjummearum. Fan in rige doarpen yn de streek Bierumer Bjirmen dy't ûntstien binne op in strânwâl is Easterbierrum de meast eastlike; fandêr de namme. It is wierskynlik sûnt de iere Midsieuwen bewenne. Yn 1431 sloegen de muontsen fan kleaster Lidlum de destiidske koster fan Easterwierrum dea yn syn pastorije. Yn it súdwesten fan it doarp stie in stins fan it skaai Haerda. Easterbierrum hie tusken 1903 - 1935 in stasjon oan it spoar Harns - Stiens.
[bewurkje seksje] Sint Joaristsjerke
De goatyske tsjerke krige om 1500 syn hjoeddeiske foarm en wie wijd oan Sint Joaris. Nei inkele jierren koartwei ´de tsjerke fan Easterbierrum' neamd te wêzen hat it sûnt 2005 wer de name St. Joaristsjerke. Moast in deade eartiids fan fier komme, dan barde soks yn in lykkoets, lutsen troch ien of twa hynders. De koets moast dekt wêze mei ta op in heale meter fan de grûn kommende swarte kleden.M Op it tsjerkhôf stiet in sark fan Rienk Doedes mei in skip der op ôfbylde. Dit omdat hy syn besittingen oermakke hat oan de diakonij en earmfâden op betingst dat syn grêf nea iepene wurde soe.
[bewurkje seksje] Mienskip
Easterbierrum kaam medio 2005 mei in doarpsfyzje mei in algemien karakter, dy ’t troch de gemeente goedkard is. Doarpsbelang is no dwaande mei in neiere útwurking. It doarpshûs hjit de Mienskar. Doarpsbelang Easterbierrum/Kleaster-Lidlum wol de leefberheid fan it doarp hâlde en sa mooglik fergrutsje.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Berne yn Easterbierrum
- Jelle Zijlstra (1918), heechlearaar
[bewurkje seksje] Sport en rekreaasje
Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9 ek wol North Sea Trail of Deltapaad neamd. De E9 rint lâns de kust fan Portugal nei de Baltyske steaten. Ek is hjir de start fan de Slachtemaraton oer de Slachtedyk.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- De Slachtedyk rint fan Easterbierrum oant Raard by Snits en is mear as 40 km lang. De dyk is opboud út seepolderdiken dy't sûnt de 10e ieu oanlein binne om de Middelsee.
- In bekende ynwenner wie Jelle Zijlstra, de eardere minister-presidint en direkteur fan de Nederlânske Bank (*1918).
[bewurkje seksje] Strjitten
't Nebke, Alef van Idsingawei, Bauke Poelstrastrjitte, Brits, Buorren, Dr Jelle Zijlstraleane, Eilân, Eilânswei, Fiskerspaed, Haerdawei, Hoarnestreek, Keatsebuorren, Konkelswei, Lidlumerwei, Sedyk, Sint Jorisstrjitte, Skoalstrjitte, Slachte, Stasjonsreed, Terp.