Nijeskâns

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Nijeskâns
De Haadwacht yn de Voorstraat
Nieuwe-Schans op topografyske kaart fan 1933
Garnizoenstsjerke fan Nijeskâns

Bad Nijeskâns (Grinslânsk: (Nij) Schaanze; Dútsk: Bad Neuschanz), oant maart 2009 Nieuweschans hjitten, is in grinsplak en kueroarde yn de gemeente Oldambt yn de Nederlânse provinsje Grinslân. It is de meast noardlik lizzende grinsoergong fan Nederlân. Oant 1990 foarme Nijeskâns in selstannige gemeente. Op 1 jannewaris 2007 hei Nijeskâns 1510 ynwenners.[1]

Ut reden fan de protte histoaryske gebouwen is it doarp in beskerme doarpsgesicht.

De Westerwoldse Aa by Bad Nijeskâns

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Troch oerstreamingen binne yn de 14e en 16e ieu grutte lapen lân troch de Dollard ferswolge. Sûnt waard úteinsetten mei it weromdriuwen fan de see, troch ynpoldering en it befoarderjen fan oanslykjen. Hjirtroch waard ek it strategysk wichtige grinsgebiet útwreide. De Nije- of Langeakkerskâns waard oanlein yn 1628, yn de Tachtichjierrige Oarloch, doe't it plak noch oan de Dollard lei.

Dizze nije skâns wie in ûntwerp fan yngenieur Matthijs van Voort en krige de foarm fan in regelmjittige fiifhoeke mei bastions, mei wâlen en in grêft rûnom. De skâns krige in regelmjittich strjittepatroan mei yn it midden in eksersysjeterrein. Benoarden waard in slûs oanlein om it gebiet ûnderstrûpe litte te kinnen (inundaasje). Yn de 17e en 18e ieu waard de festing noch fierder fersterke en útwreide.

Troch ynpolderjen kaam de skâns hieltyd fierder it lân yn te lizzen en ferlear it syn bestsjutting. Yn 1815 waard de festing ferlitten troch it garnizoen en yn 1870 waard by Keninklik Beslút bepaald dat Nijeskâns gjin festing mear wie. Yn 1882 waarden de festingwurken oersljochte en de grêften tichtsmiten. Nei it oanlizzen fan it spoar festige meast lânbouyndústry har hjir.

Yn de Twadde Wrâldkriich kamen de treinen út Kamp Westerbork ûnderweis nei de ferneatigingskampen (fral yn Poalen), oer Nijeskâns. Dêr waard it Nederlânske treinpersoniel ferfongen troch in Dútse bemanning.

Yn de santiger jierren is de festing rekonstuearre en sûnt 1974 is de kearn fan it doarp beskerme.

Yn 1985 waard it kueroard Fontana iepene nei sâlt wetter, mei in soad oare mineralen, ûntdutsen wie op in djipte fan 630 meter. Dit kueroard luts yn 2008 sa'n 180.000 minsken, dat de gemeenterie fan Reiderlân gie op 12 novimber 2008 akkoard mei de namsferoaring fan it doarp yn Bad Nieuweschans, op 1 april 2009 waard it beslút goedkard troch it Ministearje fan Ynlânske Saken. It taheakjen fan 'Bad' (fan it Aldheechdútse 'bat' foar "waarm baaie") moast mear Dútse besikers nei Fontane lûke.

Ekonomy en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Bad Nijeskâns hat de kartonfabryk fan Smurfit Kappa Triton Solid Board. It fabryk ûnstie yn 1888 as de Strokartonfabryk De Dollard, mar sûnt 1975 wurdt âld papier as grûnstof brûkt.

It stasjon Nijeskâns leit feitlik yn Oudezijl, in buorskip oan de oare kant fan de Westerwoldse Aa. Oudezijl wurdt no by Bad Nijeskâns rekkene. Hamdyk en Booneskâns binne buorskippen besuden Bad Nijeskâns.

De A7 út Grins slút hjir oan op de Bundesautobahn 280/A280 by Bunde yn Dútslân. Yn 2002 is it spoar Nijeskâns – Leer (East-Fryslân) fannijs iepene.

Bad Nijeskâns is oer it wetter te berikken fia de Westerwoldse Aa en it B.L. Tijdenskanaal dat krekt besuden it doarp yn de earstneamde mûnet. Beide kanalen wurde brûkt troch de plezierfeart. De Westerwoldse Aa ferbynt Bad Nijeskâns troch de Dollard en de Iems mei de Waadsee.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS Statline