Wynskoat
Wynskoat (Grinslânsk: Wìnschoot, Nederlânsk: Winschoten) is in stêd yn de gemeente Oldambt. Wynskoat is de nei Grins en Appingedam de tredde stêd fan de provinsje Grinslân. It leit yn it easten fan de provinsje. De bynammen fan Wynskoat binne Molenstad (mûnestêd) en Sodom.
Fan oarsprong wie it in wichtich Fryske delsetting, mar hat syn posysje yn de midsieuwen ferlern. Yn dy tiid wie Midwolda it wichtichste plak yn it Aldamt. Yn de jierren '60 fan 18e ieu hat Wynskoat syn hege posysje wer krigen en hat dit oant hjoed-de-dei behâlden, troch ûnder oare it grutste winkelsintrum fan east Grinslân.
Wynskoat leit oan de nije mar, de Blauwe stêd of Oldambtmeer.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Eardere gemeente
Wynskoat hie 18.298 ynwenners (nov. 2009), boarne: CBS) en in in oerflak fan 22,24 km² (wêrfan 0,58 km² wetter).
De gemeenten Wynskoat, Skeamde en Reiderlân binne op 1 jannewaris 2010 gearfoege ta de gemeente Oldambt. De befolking fan de trije gemeenten hat yn in referindum har foarkar foar dy namme útsprutsen.
[bewurkje seksje] Befolking
Oant 1980 waakste it ynwennertal fan Wynskoat oan, dêrnei naam de befolking ôf.
| Histoaryske ûntjouwing ynwennertal | |||
|---|---|---|---|
| Jier | Ynwenners | Jier | Ynwenners |
| 1795 | 1.952 | 1920 | 12.855 |
| 1805 | 2.228 | 1930 | 13.342 |
| 1815 | 2.678 | 1947 | 15.784 |
| 1829 | 3.229 | 1960 | 16.464 |
| 1839 | 3.578 | 1971 | 17.785 |
| 1849 | 4.123 | 1980 | 21.101 |
| 1859 | 4.972 | 1990 | 19.380 |
| 1869 | 5.547 | 2000 | 18.596 |
| 1879 | 6.640 | 2004 | 18.500 |
| 1889 | 7.815 | 2006 | 18.501 |
| 1899 | 9.668 | 2008 | 18.358 |
| 1909 | 11.202 | 2010 | |
| Boarne 1: www.volkstellingen.nl (oant 1971) Boane 2: CBS Statline (nei 1971; op 1 jan.) |
|||
[bewurkje seksje] Skoallen
[bewurkje seksje] Basis ûnderwiis
- De Beukenlaanskoalle
- De Tweemaster
- De Kleine Dollard
- De Waterlelie
- St. Vitusskoalle
- De Vossenburcht
- De Maranatha
- De Leilinde
- Delta
- de Meent
[bewurkje seksje] Pjutteboartersplakken
- Hermelijntje
- Waterratjes
- 't Beukenootje
[bewurkje seksje] Fuortset ûnderwiis
- Dollard College
- Ubbo Emmius
- Noorderpoort College
[bewurkje seksje] Berne yn Wynskoat
- Dirk Stikker (5 febrewaris 1897), minister en sekretaris-generaal fan de NAFO († 1979)
- Jaap Meijer (schrijver) (18 novimber 1912 - 9 july 1993), publisearre ûnder pseudonym: Saul van Messel, histoarikus en dichter, heit fan Ischa Meijer
- Max Dendermonde (17 juny 1919), skriuwer († 2004)
- Klaas Nuninga, (7 novimber 1940), fuotballer en official
- Koos van Dijk (1945), bekend manager fan û.o. Herman Brood
- Gijs Wanders (13 april 1950), sjoernalist en skriuwer
- Kim Pieters (5 oktober 1979), aktrise
- Marcel Seip (5 april 1982), fuotballer
- Bas Jan Ader (1942 - 1975), keunstner
- Johan van Zweden (1896 - 1975), byldhouwer en keunstner
[bewurkje seksje] Musea
- N.B.M.Noardlik Bus Museum Wynskoat