Winaam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Winaam
Winaam
Roptastate Winaam

Winaam (Wijnaldum) is in doarp yn de gemeente Harns, noardeast fan de stêd. It doarp hat likernôch 380 ynwenners (2004).

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Winaam diel út fan de gemeente Barradiel. De herfoarme ynwenners hawwe hjir in tsjerke dy't foar de herfoarming wijd wie oan de Hillige Andreas. Troch âlderdom stoarte de âlde stompe toer yn de nacht fan 24 op 25 juny 1684 yn. De preekstoel út 1729 is opfallend troch it sierlike houtfykwurk.

Argeologysk ûndersyk[bewurkje seksje | edit source]

De fynst fan in grutte fibula (mantelspjelde) yn de terp Tsjitsma wie oanlieding foar in grut argeologysk ûndersyk yn 1991 en 1992, dêr't út bliken die dat Winaam al yn de midsieuwen in wichtige delsetting wie. Guon skiedkundigen tinke dat Winaam it middelpunt wie fan it gebiet dêr't de Fryske kening Audulf om-ende-by 600 hearske. Yn in argeologysk stipepunt yn de âlde konsistoarje is dy skiednis yn byld brocht.

De tsjutting fan de ûndersyksresultaten is Anno 2010 lykwols noch lang net klear. Winaam foarme de oanlieding ta argeologysk (terp)ûndersyk yn it gebiet fan Súd-Hollân oant Grinslân ta, it saneamde Frisia-projekt.

Betsjutting fan de namme[bewurkje seksje | edit source]

De namme Wynaam betsjut wenplak fan it stamhaad en syn folk. Oant de 16e ieu wienen der noch resten fan ferskânsingen oanwêzich. It grutte kompleks fan terpen mei de fynsten, doarpsnamme, ierden wal en âlder oerleveringen kin goed de "Fryske Hegeburch" west hawwe dêr't yn de Beowulf fan sprutsen wurdt. [1]

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Fjouwer kear yn't jier bringt de feriening doarpsbelang it krantsje Fuottenein út. It yn 1982 iepene doarpshûs de Bijekoer is der komd troch gearwurking fan de ferskate ferienings. Yn de Buorren stiet de E.P. de Boerskoalle mei it keunstwurk 'De Winamer katten'.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • De Keatsebal - keatsen
  • Jacob Tolsma - biljerten en kaartspyljen
  • Ysmahorn - iisbaan
  • gymnastykferiening

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Alde Leane - Ten noarden fan de Alde Leane leit de saneamde 'Lytse Buorren'. Eartiids wie hjir in herberch dy't 'De Bijekorf' hjitte. Súdlik fan de wei steane in pear arbeidershúskes, dy't mei elkoar 't Bosk neamd waarden. Earder rûn der fan "t Bosk' yn de noarlike rjochting in fuotpaad oant 'de Terp', it saneamde 'Herre Jochumspaed'.
  • Andreasstrjitte -
  • Blomstrjitte - twa mieningen:
    • a) De ienfâldige op elkoar steande wenningen dy't yn dizze strjite stienen hienen as ienige lúkse de blommen foar de glêzen.
    • b) De tagongswei dêr't persoanen op tsjerklike heechtijdagen blommen nei de tsjerke brochten (roomske earetsjinst).
  • Buorren - kom fan it doarp.
  • De Utergerzen -
  • Fiskersbuorren -
  • Foarryp - nei it buorskip Foarryp
  • Harnewei - efter de huzen oan dizze wei lizze de saneamde 'Winamer harnen', dy't bekend wienen om de lege lizzing. Winterdeis stienen dizze stikken lân faak splis en waarden brûkt om op te reedriden.
  • Haulewei -
  • Hearewaltsje - De ienfâldige wenningen stienen neist de haven. Omt de tastân fan de haven net altiten like goed wie en it wetter wakker stjonkte, waard oan it streekje huzen de spotnamme 'Hearenwaltsje' jûn.
  • Hoarnestreek -
  • Jelle van Dijkstrjitte - Jelle van Dijk
  • Knikkersteech -
  • Readyk - De pletas fan eartiids de hear Wiersma en de âlde pleats, eartiids bewenne troch de hear Okkinga, wienen earder eigendom fan de famylje Coopmans, dy't de ferbiningswei tusken dizze beide pleatsen ûnderhâlden mei read pún, kommend fan de stienfabriken út Harns. It stik tusken de pleats fan Wiersma en de wenning dêr't yn 2010 Rinze en Maartje Post yn wenje, waard wol de 'lege wei' neamd fanwege de tige lege lizzing fan dit stik wei dat dêrtroch faak net brûkt wurde koe.
  • S Schaafstrapaad -
  • S van der Molenstrjitte -
  • S van der Ploegstrjitte -
  • Siverdaleane -
  • Swingmaleane -
  • Terp - it heger lizzende gedielte fan it doarp, dêr't eartiids de terpen stiene
  • Tsjerkepaad - paad nei de Andreastsjerke
  • Winamerdyk - wei nei Winaam.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. J. Zijlstra (2009), Finnsburg, een koningsdrama uit de 5e eeuw, side 10.