Jan de Vries (koereur)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skealmodel fan de Van Veen-Kreidler dêr't Jan de Vries yn 1971 wrâldkampioen 50 cc weirace mei waard

Jan de Vries ( Sint Jabik, 5 jannewaris 1944 - Purmerend ) is in motorkoereur (50 CC) en teammanager by Kreidler.

Hy ferskynde fan 1960-1965 faak op in soad gersbaanrezen yn Fryslân, en einige dan meast by de earste fjouwer. Yn 1967 waard er Nederlânsk Kampioen. By de wrâldkampioenskippen yn 1969 waard er fjirde, 1970 fiifde (ien oerwinning), 1971 earste (likefolle punten as nûmer ien) en yn 1973 wer earste mei op 'e nij fiif earste plakken. Sûnttiids is er stoppe mei motorrezen.

Ein jierren sechtich tekenet Jan de Vries in kontrakt by Van Veen, de Amsterdamske ymporteur fan Kreidler. De bedoeling is in goai nei de wrâldtitel yn de 50 cc klasse te dwaan. De Vries wie ien fan de Nederlanners dy't ein jierren sechtich, begjin jierren santich, grutte súksessen helle yn de lichtste klasse fan de motorsport. Oaren wienen Jan Huberts, Cees van Dongen, Paul Lodewijkx, Jos Schurgers, Henk van Kessel en de team-genoat fan De Vries, Aalt Toersen. Ek de Brit Barry Sheene ried yn dy dagen noch in de 'buorrelgleskesklasse'. Mar de grutste konkurrint foar de wrâldtitel wie de Spanjaard Angel Nieto. Jan de Vries waard úteinlik nei Egbert Streuer de meast súksesfolle Nederlânsk motorkoereur oer alle tiden, mei wol 14 GP-oerwinnings en twa wrâldtitels yn de 50 cc, in 1971 en 1973.

Nei syn súksessen as koereur wurke De Vries noch in tsiental jierren foar Van Veen, as tuner fan racemotors.

Resultaten yn GP[bewurkje seksje | edit source]

Jier 1968 1969 1970 1970 1971 1972 1973
Klasse 50 50 50 125 50 50 50
Einklassearing 10 4 5 35 1 2 1
Nederlân (TT Assen) 4 2 2 7 2
Belgje (Spa-Francorchamps) 6 1 2 1
Spanje 3 3 1 2 1
Dútslân 2 1 1
DDR 5 5 2
Tsjechoslowakije 8 10
Ulster 2 6
Itaalje 4 1 1 1 1
Joegoslaavje 3 2 1
Eastenryk 1
Sweden 3 1 1

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: