Geert van Tuinen

Ut Wikipedy

Geert van Tuinen (It Bilt, 1954) is in Frysk telefyzjepresintator en sjoernalist.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Groeide op yn Sint-Jabik. De radio thús hie altiten oantrekkingskrêft op him en dan foaral de piratestjoerders. Nachts nei radio Luxemburg harkje en hjir en dêr as discjockey optrede, dat wienen de earste stappen rjochting it radiobarren.

Hy hat ek wurke as amtner op sosjale saken yn Menaam en letter kaam er by Radio Ienhoarn. Hie súkses mei it ferslach jaan fan it keatsen. Nei sollisitaasje by Sjouke Lousma en Eelke Lok kaam hy by de Omrop telâne. De brân yn Graldastate sil him altiten bybliuwe.

radio

Presintearret foar Omrop Fryslân radioprogramma’s as Sport en Muzyk op de sneontemiddei, Muzyk yn Bedriuw en de Fryske Top 100. As ferslachjouwer docht er in soad sportprogramma's as de thúswedstriden fan SK Cambuur, keatsen en amateurfuotbal.

telefyzje

Presintator by ûnder oare Van Tuinen Thús, Geert!, Simmer yn Fryslân en Hûs te Keap. Winterdeis presintearret er mei Wim Brons it programma Top 100 TV. Docht ek produksjes foar de lanlike TV ôfdieling fan Omrop Fryslân en makke de dokumintêre 40 jier Wiko’s; Kobus Algra, boer en muzikant.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: