SK Cambuur Ljouwert
| Sportklub Cambuur Ljouwert | ||||||||||||||||||||||||||||
| It Cambuur Stadion | ||||||||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 19 juny 1964 | |||||||||||||||||||||||||||
| Plak | Ljouwert | |||||||||||||||||||||||||||
| Stadion | Cambuur Stadion | |||||||||||||||||||||||||||
| Kapasiteit | 10.000 | |||||||||||||||||||||||||||
| Foarsitter | Ype Smid | |||||||||||||||||||||||||||
| Trener | Alfons Arts | |||||||||||||||||||||||||||
| Kompetysje | Earste Divyzje | |||||||||||||||||||||||||||
|
||||||||||||||||||||||||||||
SK Cambuur Ljouwert is in profesjonele fuotbalklub út Ljouwert. De klup waard oprjochte op 19 juny 1964 as de ferfanger fan VV Ljouwert dy’t nei de amateurs werom kearde. De klup spilet yn it Cambuur stadion dêr't goed 10.000 minsken yn kinne. Cambuur hat twa kear promovearre west nei de Earedivyzje en spile yn totaal fjouwer jier op it heechste nivo. Sûnt de lêste degradaasje yn 2000 komt de Ljouwerter klup wer út yn de Earste Dyvyzje.
Ynhâld |
Oprjochting [bewurkje seksje]
Sietse Westra wie de ynisjatyfnimmer fan de oprjochting fan SK Cambuur, sa't de klub doedestiids noch hjitte. Westra wie sels fiif jier, tusken 1964 en 1969, direkteur fan de klub. De namme fan Cambuur waard yn 1988 feroare fan SK Cambuur yn Cambuur Ljouwert.
Cambuur wist yn it earste jier yn it proffuotbal fuort te promovearjen nei de Earste Divyzje. Dêr soe Cambuur mear as 25 jier yn fuotbalje. De Ljouwerters ha oant 2008 fjouwer jier, yn twa perioades, yn de Earedivyzje spile. De earste kear wie doe't Cambuur as earste yn de Earste Divyzje wist te einigjen. Dêrop spile Cambuur yn it seizoen 1992/1993 en 1993/1994 op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân. De twadde kear dat Cambuur dêr yn spylje soe, wie yn it seizoen 1998/1999 en 1999/2000. Cambuur wist yn 1998 te promovearjen troch de neikompetysje te winnen en sa promoasje ôf te twingen. Sûnt 2000 spilet Cambuur wer yn de Earste Divyzje.
Namme, skaaimerk en klaaiïng [bewurkje seksje]
Namme [bewurkje seksje]
De namme fan Cambuur komt fan de wyk wêr't de klub harren stadion stean hat, de Cambuursterhoek, ek wol it Cambuurkertier. De namme fan dizze wyk komt fan nei de aadlike famylje fan de Fan Cammingha's, dy't harren stins op hast itselde plak stean hienen as wêr't no it Cambuur stadion stiet.
Skaaimerk [bewurkje seksje]
It skaaimerk fan SK Cambuur Ljouwert is eins in nijmoadriche ferzje fan it famyljeskyld fan de Fan Cammingha's, dat sa in ferwizing is nei de ryke skiednis fan sawol de namme as de lokaasje.
It wapen is te omskriuwen as ien giel wapenskyld mei in lizzend hert deryn, de foarpoten útstrekt. Tegearre mei trije swarte kamen met allegear twa rigen swarte tosken: Twa kamen fan boppe en ien kaam ûnder.
Klaaiïng [bewurkje seksje]
De klaaiïng fan Cambuur bestiet foar de thúswedstriden út in giel shirt, in blauwe broek en giele sokken. Der wurdt ek wol mei wite sokken spile, as de tsjinstanner ek al mei giele sokker fuotballet. It tenu foar de útwedstriden bestiet út in wyt shirt, blauwe broek en wite sokken.
De kar foar de kleuren komt fan de stêdskleuren fan Ljouwert, giel en blau. De Ljouwerter flagge bestiet út fjouwer horisontale banen, blau: giel, blau en giel.
Earelist [bewurkje seksje]
- Earste divyzje
- Winner - 1992.
- Neikompetysje
- Winner - 1998.
- Twadde divyzje
- Winner - 1957 (as Ljouwert), 1965.
(Bekende) âld-spilers en âld-treners [bewurkje seksje]
Seizoen 2012/13 [bewurkje seksje]
A-seleksje [bewurkje seksje]
| Nr. | Namme | Nasjonaliteit | Wed. | Doel. | Posysje | Foarige klup | Kontrakt oant |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Dennis Telgenkamp | 2 | 0 | Doelman | 2013 | ||
| 2 | Wout Droste | 126 | 2 | Ferdigener | 2013 | ||
| 3 | Leon Broekhof | 26 | 1 | Ferdigener | 2015 | ||
| 4 | Martijn van der Laan | 62 | 2 | Ferdigener | 2013 | ||
| 5 | Jonathan Vosselman | 168 | 0 | Ferdigener | 2013 | ||
| 6 | Erik Bakker | 140 | 21 | Middenfjilder | 2013 | ||
| 7 | Yuri Rose | 402 | 104 | Middenfjilder | 2012 | ||
| 8 | Marco van der Heide | 0 | 0 | Middenfjilder | 2013 | ||
| 9 | Martijn Barto | 3 | 0 | Oanfaller | 2013 | ||
| 11 | Melvin de Leeuw | 105 | 21 | Oanfaller | 2013 | ||
| 12 | Michiel Hemmen | 130 | 43 | Oanfaller | 2013 | ||
| 14 | Oebele Schokker | 2 | 0 | Oanfaller | 2013 | ||
| 15 | Mart Dijkstra | 2 | 0 | Ferdigener | 2013 | ||
| 16 | Alim Öztürk | 0 | 0 | Middenfjilder | eigen jeugd | 2012 | |
| 17 | Lucas Bijker | 0 | 0 | Ferdigener | eigen jeugd | 2014 | |
| 19 | Frits Dantuma | 1 | 0 | Middenfjilder | eigen jeugd | 2012 | |
| 20 | Leonard Nienhuis | 0 | 0 | Doelman | 2013 | ||
| 21 | Mohamed El Makrini | 3 | 0 | Middenfjilder | 2012 | ||
| 23 | Johnny de Vries | 0 | 0 | Ferdigener | 2013 | ||
| 24 | Sicco Bouwer | 0 | 0 | Oanfaller | eigen jeugd | 2012 | |
| 25 | Vincent Weijl | 2 | 0 | Oanfaller | |||
| 30 | Tim Bakens | 215 | 14 | Oanfaller | 2013 |