Peter van der Vlag

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Peter van der Vlag (Ljouwert, 5 desimber 1977) is in proffuotballer, ôfkomstich út de provinsje Fryslân dy't op it stuit by BV Veendam fuotballet as keeper.

Van der Vlag spile foar Wildervank, ear't hy by BV Veendam terjochte kaam. Sûnt it seizoen 1998/1999 stie hy foar fiif jier by Veendam ûnder de latte. Yn 2003 gong er fuort nei Go Ahead Eagles dêr't er mar ien jier fuotbalje soe. Sûnt 2004 kaam er út foar Cambuur.

Yn it seizoen 2005-2006 waard Van der Vlag troch it fuotbalblêd Voetbal International sjoen as de bêste spiler fan de Earste Divyzje. Van der Vlag stiet oant 2009 ûnder kontrakt by Cambuur en kearde doe werom nei Veendam..

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Seizoen Klup Cambuur Wedstriden Doelpunten Kompetysje
1997/98 BV Veendam 0 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1998/99 BV Veendam 22 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1999/00 BV Veendam 28 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2000/01 BV Veendam 28 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2001/02 BV Veendam 34 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2002/03 BV Veendam 33 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2003/04 Go Ahead Eagles 34 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2004/05 SC Cambuur-Ljouwert 35 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2005/06 SC Cambuur-Ljouwert 38 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2006/07 SC Cambuur-Ljouwert 28 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2007/08 SC Cambuur-Ljouwert 38 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2008/09 SC Cambuur-Ljouwert 38 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2009/10 BV Veendam 28 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2010/11 BV Veendam 28 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
Totaal 419 0

Bywurke oant en mei 10 septimber 2010

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: