Feyenoord is in profesjonele fuotbalklup út Rotterdam, oprjochte op 19 july 1908, dy't útkomt yn de Earedivyzje. De klup stiet derom bekend in klup fan it folk te wêzen. De thúsbasis is it Feijenoord Stadion, dat yn de folksmûle De Kuip neamd wurdt. It tenu bestiet tradisjoneel út in read-wyt shirt mei in swarte broek en swarte sokken. Yn Nederlân is de klup mei Ajax en PSV ien fan de trije tradysjonele topklups.
Feyenoord wûn al 14x de lânstitel, 11x de KNVB beker, 1x de Jeropakup I, de foarrinner fan de Champions League, 2x de UEFA Kup en 1x de wrâldbeker. Dêrmei spilet Feyenoord út histoarysk eachpunt in wichtige rol yn de Nederlânske fuotbalkompetysje. Op de UEFA ranglist fan de bêste klubs yn Jeropa stiet Feyenoord as fiifde Nederlânske klup sûnt 2008 op it 80ste plak.[1]