Oebele Schokker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Oebele Schokker (Ketlik, 11 novimber 1984) is in Fryske fuotballer dy't útkomt foar Cambuur.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Schokker begûn mei fuotbal by UDIROS yn Nijhoarne. Fanôf de C-junioaren spile hy by Sportklub It Hearrenfean. Om't der folle konkurrinsje is giet Schokker by Fuotbalferiening It Hearrenfean spyljen. Dêrnei giet hy by De Jouwer fuotbaljen. Nei in pear jier giet hy nei SK Cambuur Ljouwert om dêr yn de jeugd te spyljen. Nei 3 jier giet Schokker wer werom nei De Jouwer.

Yn 2007, op syn 22e, giet Oebele Schokker nei De Harkema om by Harkemase Boys te spyljen ûnder trener Henk de Jong. Mei de Harkemase Boys helje se grutte súksessen. Se wurde kampioen yn de Eerste klasse E en it jier dêrnei ek fan de Haadklasse C. Sûnt juny 2012 spilet Harkemase Boys Earste Divyzje.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Seizoen Klub Wedstriden Doelpunten Kompetysje
2003/04 SK Cambuur Ljouwert 0 Earste Divyzje
2004/05 De Jouwer 2 Sneinshaadklasse C
2005/06 De Jouwer 6 Sneinshaadklasse C
2006/07 De Jouwer 8 Sneinshaadklasse C
2007/08 Harkemase Boys 25 Earste klasse E sneon
2008/09 Harkemase Boys 17 Sneonshaadklasse C
2009/10 Harkemase Boys 19 Sneonshaadklasse C
2010/11 Harkemase Boys 16 Sneonstopklasse
2011/12 Harkemase Boys 12 Sneonstopklasse