Jan Bruin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Bruin
Jan Bruin yn glop troch it Cambuurstadion
Jan Bruin yn glop troch it Cambuurstadion
Basisynfo spiler
Namme Jan Bruin
Bertedatum 30 septimber 1969
Berteplak Hollum
Basisynfo klup
Spilet by Ophâlden yn 2008
Posysje Oanfaller

Jan Bruin (Hollum, 30 septimber 1969) is in eardere proffuotballer út Fryslân. Hy wie in tûke spits dy't yn syn profperioade in protte jierren by Cambuur yn Ljouwert fuotballe hat. Yn Ljouwert wienen sy tige wiis mei him. Se wienen wei fan syn typyske wize fan rinnen as er krekt skoard hie: mei lange passen en de earmen wiid útstrekt nei de Cambuursupporters.

Jan Bruin debutearre yn it betelle fuotbal yn it seizoen 1991/1992 foar SK Cambuur Ljouwert. By dizze klup spile hy oant en mei 1995, dêr't twa jier fan yn de Earedivyzje. Nei Cambuur soe er fuotbalje by FK Swol, ek in profklup dêr't er goed twa jier spyljen bleau. Fia FC Volendam kearde Bruin by Cambuur werom, dêr't er dêrnei noch 5 jier yn de oanfal stie. Nei dat tiidrek by Cambuur like hy ôfskreaun foar it betelle fuotbal, mar fuotbalklup Stormvolgels Telstar hie belangstelling foar him, dat hy koe yn 2005 by dizze klup tekenje.

En ek by Stormvogels Telstar liet er blike it skoaren noch net ferleard te hawwen. Op de ein fan it seizoen 2006/2007 makke hy bekend stopje te sillen, mar omdat er yn april 2007 al wer 16 kear trefseker west hie, kaam er op dy beslissing werom, tekene noch in jier by en bleau oant en mei de simmer van 2008 fuotbaljen en stoppe doe foargoed mei it betelle fuotbal.

Jan Bruin wurdt beskôge as de bêste foutballer fan It Amelân. Hy stiet bekend om syn iepenheid en positive wize fan omgong mei supporters. Bruin is sûnt it seizoen 2008/2009 wer by Cambuur werom, dêr't er him no dwaande haldt mei de jongerein en wurket as komersjeel meiwurker.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje
1991/92 SK Cambuur Ljouwert 2 0 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1992/93 SK Cambuur Ljouwert 17 1 flagge fan Nederlân Earedivyzje
1993/94 SK Cambuur Ljouwert 22 2 flagge fan Nederlân Earedivyzje
1994/95 SK Cambuur Ljouwert 22 5 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1995/96 SK Cambuur Ljouwert 10 4 flagge fan Nederlân Earste divyzje
FK Swol 22 6 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1996/97 FK Swol 33 14 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1997/98 FK Swol 34 18 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1998/99 FK Folendam 12 6 flagge fan Nederlân Earste divyzje
1999/00 FC Volendam 22 10 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2000/01 SK Cambuur Ljouwert 24 8 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2001/02 SK Cambuur Ljouwert 26 16 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2002/03 SK Cambuur Ljouwert 31 19 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2003/04 SK Cambuur Ljouwert 33 10 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2004/05 SK Cambuur Ljouwert 19 8 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2005/06 Stoarmfûgels Telstar 32 14 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2006/07 Stoarmfûgels Telstar 37 18 flagge fan Nederlân Earste divyzje
2007/08 Stoarmfûgels Telstar 35 5 flagge fan Nederlân Earste divyzje
Totaal 433 164