Falko Zandstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Falko Zandstra

Falko Zandstra (It Hearrenfean, 27 desimber 1971) is in eardere Fryske hurdrider. Troch syn tinne skonken waard hy ek wol de Spierde Spiker neamd.

Zandstra gou as in natoertalint, dat al op jonge leeftiid 'pike'. Yn 1990 en 1991 waard hy wrâldkampioen by de junioaren. Yn 1991 wûn hy mei in wrâldrekord op de lytse fjouwerkamp. Yn syn ynternasjonale debútjier 1992 waard hy fuortendalik Jeropeesk kampioen en twadde op it wrâldkampioenskip, nei Roberto Sighel. Hy wûn dat jier ek de wrâldbeker op de 1500 meter en Olympysk sulver op de fiif kilometer. In jier letter, yn 1993, waard Zandstra wrâldkampioen reedriden yn Hamar, Noarwegen. Dat jier waard hy ek wer Jeropeesk kampioen.

Fan 1994 ôf waard it minder mei syn karriêre. Op de Olympyske Spullen fan 1994 yn Lillehammer pakte hy ien kear brûns (1500 meter) en waard hy op de fiif en de tsien kilometer fjirde. Wol wist hy yn 1994 nochris de wrâldbeker op de 1500 meter te winnen. Yn 1995 waard hy noch twadde by it Jeropeesk Kampioenskip. Op it WK allround fan dat jier foel hy op de 1500 meter trochdat hy it bantsje, dat om de earm fan in rider zit om oan te jaan in hokker baan hy starten is, oer syn eigen reed goaide. Hjirtroch wist hy him net te kwalifisearjen foar de 10.000 meter.

Yn de perioade 1992/1993 wie Zandstra foar in soad jonge famkes in idoal. Ynterviews en posters ferskynden û.o. yn de Tina. Om dy tiid hinne ferskynde hy ek, tegearre mei inkele oare riders, lykas Sandra Voetelink, yn in reklamefilmke fan Bolletje.

Nei syn karriêre as langebaanrider hat Zandstra it noch efkes besocht op de maraton, mar sûnder folle súkses. Yn 1999 hold er definityf op mei hurdriden. Dêrnei krige er in eigen bedriuw yn dak- en wandbeplating (Falko Dak & Wand) yn It Hearrenfean. Hy is troud mei rydster Ellen Linnenbank.

Adelskalinder[bewurkje seksje | edit source]

Berjocht:Adelskalinder 1perioade

datum       500 m  1500 m  5000 m  10.000 m  punten
22-01-1993  38,17  1.52,62  6.38,77  13.43,54  156,764 (Johann Olav Koss)
23-01-1993  37,90  1.52,17  6.40,01  13.46,96  156,639
13-03-1993  38,17  1.52,53  6.36,57  13.43,54  156,514 (Johann Olav Koss)

resultaten[bewurkje seksje | edit source]

Resultaten fan Falko Zandstra by ynternasjonale kampioenskippen.

jier EK Allround Olympyske Spullen WK Allround WK Junioaren
1990 goud
1991 goud
1992 goud 10e 1000m
7e 1500m
sulver 5000m
sulver
1993 goud goud
1994 brûns brûns 1500m
4e 5000m
4e 10000m
-
1995 sulver NC26
1996 - -
1997 brûns NC14
1998 5e - -
- = gjin dielname
NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn de einrangskikking

Medailjespegel fan Falko Zandstra foar ynternasjonale kampioenskippen dêr't hy oan meidien hat.

kampioenskip goud sulver brûns
EK Allround 2 1 2
Olympyske Spullen 0 1 1
WK Allround 1 1 0
WK Junioaren 2 0 0

wrâldrekords[bewurkje seksje | edit source]

Nr. ôfstân tiid Datum Baan
1 lytse fjouwerkamp 159,753 17 febrewaris 1991 It Hearrenfean
2 lytse fjouwerkamp 156,059 3 maart 1991 Calgary
3 grutte fjouwerkamp 156,882 24 jannewaris 1993 It Hearrenfean
Noat: De wrâldrekords op de lytse fjouwerkamp binne setten as junior.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]