Stasjon It Hearrenfean
Ut Wikipedy
Berjocht:Infobox NS-station Stasjon It Hearrenfean (P+R) is in spoarstasjon op It Hearrenfean oan it spoar Ljouwert – Swol. It oarspronklike stasjon waard iepene op 15 jannewaris 1868.
Yn 1982 waard it hjoeddeiske stasjon ûntwurpen troch Jan van Belkum. Hjirby sitte it trein- en busstasjon ûnder deselde oerkaping. Yn 1984 waard dit stasjon iepene en yn 1985 krige it de Brunel Award, in designpriis foar it spoarbedriuw.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ferbiningen
Yn de tsjinstregeling fan (2008) stopje op stasjon It Hearrenfean de folgjende treinsearjes:
- 2900 Stoptrein Ljouwert – It Hearrenfean – Wolvegea (spitstrein, iens per oere)
- 10500 Intercity Ljouwert – It Hearrenfean – Stasjon Swol – Stasjon Amersfoart – Rotterdam Sintraal (iens per oere)
- 10700 Intercity Ljouwert - It Hearrenfean – Swol – Amersfoart – Schiphol (iens per oere, stoppet tusken Ljouwert en Swol op alle stasjons). Yn de moarn- en jûnspits rydt dizze intercity nei Amersfoort troch nei Utert Sintraal - Gouda - Rotterdam Alexander - Rotterdam Sintraal ynstee fan nei Schiphol.
[bewurkje seksje] P+R
Der binne twa parkearterreinen by it stasjon:
- ten easten (sintrum) fan it spoar: grut parkeerterrein
- ten westen (wyk Nijehaske) fan it spoar: 200 parkeerplakken.