Stasjon Ljouwert Achter de Hoven

Ut Wikipedy
Ljouwert-Achter de Hoven
Ljouwert-Achter de Hoven (2015)
Ljouwert-Achter de Hoven (2015)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Julianastraat
koördinaten 53° 11' 56" NB, 5° 48' 59" EL
arsjitektuer
stasjonskoade Adh
type Halte
iepening 5 july 1915
3 oktober 1954 Weriepening
sluting 19 maaie 1940
31 augustus 2018
boujier 1915
sloopjier 2019
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 1
spoarline Steatsline B
(Spoar fan Ljouwert nei Grins)
kaart
Stasjon Ljouwert Achter de Hoven (Ljouwert)
Stasjon Ljouwert Achter de Hoven

Stasjon Ljouwert Achter de Hoven (ôfkoarting: Adh, troch ProRail Achter de Hoven neamd en troch NS Ljouwert Achter de Hoven neamd) wie in treinhalte yn Ljouwert, dy't oan de spoarwei Ljouwert - Grins leit.

De halte waard iepene op 5 july 1915, mar op 19 maaie 1940 al wer sluten. Sûnt 3 oktober 1954 wie de halte wer iepen. Ljouwert Achter de Hoven wie gjin gewoan stasjon, der stie gjin stasjonsgebou of abry en ek wie der gjin kaartautomaat. Boppedat wie it net opnommen yn de tsjinstregeling. De trein stoppe der trije kear deis op dizze tiden: 7.52 fan Grins ôf en 16.03 en 17.03 oere fan Ljouwert ôf. De trein stoppe dêr foar de meiwurkers fan it molkfabryk fan Royal Friesland Foods dat der neist leit.

Hoewol't der mar ien spoar wie, wiene der dochs twa perrons. De twa perrons leine frij fier útinoar, hast wol in pear hûndert meter, mei dêrtusken in oerwei mei de Julianastrjitte en in twadde oerwei dy't op it terrein fan FrieslandCampina leit.

De NS woe yn it ferline fan de lytse halte ôf, mar troch in soad protesten fan bedriuwen út 'e buert waard der doe fan ôfsjoen.

Yn desimber 2006 waarden de treinen op it trajekt Ljouwert - Grins ferfongen troch lighttrainmaterieel (de GTW fan Stadler Rail); men ûndersocht de mooglikheid om Ljouwert Achter de Hoven fan dy tiid ôf as folweardich stasjon yn de tsjinstregeling op te nimmen.

Ein 2014 joech ProRail oan it stasjon slute te wollen[1]. De provinsje joech Arriva tastimming om fan 3 septimber 2018 ôf te stopjen, dêrtroch't 31 augustus winliken de lêste dei waard dêr't treinen by it stasjon stopten[2].

Op freed 31 augustus 2018 stopte de lêste trein op it stasjon, dat dêrnei sleat. Oant it sluten fan it stasjon, wie it it minst brûkte stasjon fan Nederlân, mei sa'n 10 yn- en útstappers de dei.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Spoarstasjons yn Fryslân
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke
wizigje