Stasjon Meppel

Ut Wikipedy
Stasjon Meppel
station Meppel
Stasjon Meppel yn 2017
Stasjon Meppel yn 2017
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Meppel
plak Meppel
adres Stationsweg 70
arsjitektuer
stasjonskoade Mp
type Trochgongsstasjon
iepening 1 oktober 1867
boujier 1866
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 508721
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline A
Steatsline C
6342 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Meppel (Drinte)
Stasjon Meppel

Stasjon Meppel (Mp) is it spoarweistasjon fan Meppel, yn de Nederlânske provinsje Drinte. It is in wichtich tuskenstasjon fanút Ljouwert en Grins. Stasjon Meppel is it drokste stasjon fan de provinsje Drinte. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it Type Hengelo, en is ien fan de trije stasjons dy't yn dizze klasse boud is, en iennichste fan dit type dy't bewarre bleaun is.

It stasjonsgebou kaam yn 1866 ree, en waard iepene op 1 oktober 1867 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A fanôf Swol. Yn 1868 kaam ek de ferbining Meppel – It Hearrenfean – Ljouwert ree, wêrmei't de Fryske haadstêd in streekrjochte spoarferbining mei de rest fan Nederlân krige. Yn 1870 kaam ek de Steatsline C klear, dêr't sawol Drinte, Grinslân as Fryslân oer it spoar fia Meppel mei Swol ferbûn wiene.

Sûnt dy tiid hawwe dizze ferbiningen de wichtichste skeakels west yn it treinferkear fan en nei it noarden fan Nederlân. Oan it stasjon fan Meppel is yn 'e rin fan 'e jierren net folle feroare, sadat it noch foar in grut part yn oarspronklike steat is. Yn 2016 waard it stasjonsgebou yn de orizjinele gielbrune kleurstelling wersteld, nei jierrenlang folslein wyt west te hawwen.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
600 Intercity (NS) LjouwertMeppelSwolAmersfoart SintraalUtert-SintraalRotterdam Sintraal In healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800.
1800 Intercity (NS) De Haach SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolMeppelLjouwert
12600 Intercity (NS) GrinsAssenMeppelSwolLelystêd SintrumAlmere SintrumAmsterdam Sintraal Alinne freedtenachts
8100 Sprinter (NS) SwolMeppelAssenGrins In healoeretsjinst
9000 Sprinter (NS) LjouwertMeppelSwol Riid jûns en yn it wykein allinne tusken Ljouwert en Meppel (1x yn't oere).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: