Stasjon Starum
Ut Wikipedy
Stasjon Starum (ek wol Staveren) is it stasjon fan Starum en it einpunt fan de spoarferbining Ljouwert nei Starum ta. It leit yn de uterste súdwesthoeke fan Fryslân. It (kop)stasjon waard iepene op 8 novimber 1885 en joech oansluting op de fearboatferbining nei Inkhuzen, dy't tsjintwurdich allinnich yn de simmer foar toeristen fart. It stasjon wurdt betsjinne troch stoptreinen fan Arriva.
Op 25 july 2010 komt it stasjon fan Starum yn it nijs troch in treinûngefal dy't dêr plak hat. Om 23:30 oere hinne sjit in guoderentrein mei fjouwer as fiif wagons troch de stjitblokken en rydt dwers troch in wettersportwinkel en stoppet 100 meter fierder op in plein. Twa ûnderhâldspersonielsleden reitsje ferwûne.